It soldaatsje fan Barrahûs
It soldaatsje fan Barrahûs is in sêge dy't te krijen hat mei it bekende byldsje mei deselde namme, dat jierrenlang te sjen wie yn de tún by Barrahûs. Neffens de oerlevering soe in soldaat de bewenners fan in boerepleats holpen hawwe en út tankberens waard in byldsje makke fan de soldaat om it foarfal te betinken. De sêge is yn oantal farianten oerlevere is en de âldste fermelding komt út 1848.
Ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de hjerst op in stoarmige jûn kloppet in earme frou oan by in ôfhandige boerepleats en freget oft sy de nacht trochbringe mei yn it hea. Sy wurdt opnommen yn de rûnte dy't om de iepen hurd sit. By it húshâlding fan de boer is ek in soldaat oanwêzich, dy't allyksa in nachtferbliuw krigen hat, mar dy't har net fertrout. Hy hellet in hânfol appels en smyt elkenien ien ta. De manlju fange de appel mei de knibbels nei elkoar ta, de froulju troch harren skurte breed te meitsjen. De earme frou lykwols fangt him as in man. De frou wurdt ûntmaskere en finzen nommen. It docht bliken dat sy in ferklaaide rôver is dy't yn de nacht har slach slaan woe.
It byldsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It byldsje fan it soldaatsje is no werom op syn post. Freed 16 oktober 2009 waard it byldsje fan in soldaatsje ûntbleate by de pleats oan it spoar by Wurdum. It giet om in kopy fan it byld dat in pear jier ferlyn fuorthelle is.
It orizjineel fan ierdewurk wie yn de tiid bot oantaaste troch waarynfloeden en waard foar restauraasje in oantal jierren lyn fuorthelle. Bliken die dat er der sa min oan ta wie dat besletten waard it byld net wer op it âlde plak te setten en oer te dragen oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |