It Wiid (Toppenhuzen)
Appearance
It Wiid is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It wetter foarme foar de gemeentlike weryndieling de grins fan de gemeenten Wymbritseradiel en Snits. De feart rint fan de Modderige Geau nei it westen en rint nei in knikje as Douwesleat troch nei de stêd Snits.
De namme It Wiid jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Het Wijd.