Springe nei ynhâld

It Timpeltsje fan Ids

Ut Wikipedy
It Timpeltsje fan Ids
keunstwurk
It Timpeltsje fan Ids
It Timpeltsje fan Ids
bysûnderheden
jier 1993
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
hichte 7,50 m
breedte 10 m
plak Marrum
lokaasje Waaddyk

It Timpeltsje fan Ids, eins It Presintearblêd is in keunstwurk op de Waaddyk noardwest fan Marrum fan keunstner Ids Willemsma. [1]

It keunstwurk waard yn 1993 ûntbleate troch Kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel. De eigentlike namme wie It Presintearblêd. It objekt ferbyldet in presintearblêd dat de dyk optilt en presintearret. Troch de likenis mei in Gryksk-Romeinske timpel liket it krekt oft it byld al iuwenlang stiet. It keunstwurk waard dêrtroch al gau oantsjutten as De Timpel, De Timpel fan Ids en It timpeltsje op de seedyk.

It keunstwurk is eigendom fan Wetterskip Fryslân en waard yn 1993 pleatst by gelegenheid fan it op Deltahichte bringen fan 66 kilometer seedyk lâns de Fryske waadkust. Ids Willemsma neamt it in 'hommaazje oan de dykbouwer dy’t iuwenlang de grûn opsmiten hat om minsk en bist tsjin de ûnberekkenbere see te beskermjen'.

De Timpel fan Ids bestiet út in dak dat rêst op tolve pylders, dy’t de tolve provinsjes ferbyldzje dy’t troch de deltahichte beskerme wurde tsjin it wetter. Op it dak leit twahûndert ton klaai as krún fan in stik seedyk. It blêd fan hûndert fjouwerkante meter klaaigrûn hat de foarm en mjitte fan de âlde seedyk.[2] Op de klaai groeit itselde gers as op de seedyk.[3]

De mjitten fan it bouwurk binne ôflaat fan de hichte fan de dyk en de dykferswierring. It keunstwurk is like heech as de nije dyk, sawat 7,50 meter. De tolve pylders binne fiif meter heech, like heech as de âlde seedyk. Willemsma neamt de pylders Tolve froulike dragers tille de kop fan de seedyk.

It byld fan hast 400 ton stiet yn de iepen romte mei de bebouwing op grutte ôfstân. Yn 1995 waard in aksjegroep oprjochte tsjin de pleatsing fan in tal fyftich meter hege wynmoles op seishûndert meter fan it keunstwurk. De groep fierde aksje mei it motto 'De Timpel moat de romte ha', mar it koe net tefoaren komme dat de provinsje in jier letter in boufergunning foar de wynturbines ferliende. [4]

Yn 2018 waard dúdlik dat de dakplaten en peallen op guon plakken ferrustke wiene.[5] Yn 2019 waard it monumint opknapt.[6] Dêrby waard de grûn fernijd en krige it timpeldak in nije coating. De pylders waarden opnij laske.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: