It Swarte Paert

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
SwartePaert 2294.jpg
SwartePaert 3.jpg
SwartePaert 1.jpg

Stoeterij It Swarte Paert oan de Binnenwei yn De Himrik, iepene troch kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans yn 1999, hat in eksposysjeromte oer alles wat mei it Frysk Hynder te krijen hat. It bringt de kultuer en histoarje fan it Fryske hynder yn byld.

Der steane reauwen, drachten mei byhearrende sieraden en belsliden. By de rûnlieding wurdt ferteld oer de Fryske kultuer en de skiednis fan it Fryske hynder en de betsjutting foar de Fryske kultuer. Ek de skiednis fan it SWS-sertifisearre dekstasjon en de dekhynsten komme oan bod. Foar besikers wurde bytiden shows hâlden mei oanspande hynders en ek mei dressuer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: