Irma Kamp
Irma Kamp (Ynskedee, 3 augustus 1968) is in keunstner. Nei de learareoplieding Tekenjen en Hannewurk (1986-1991) folge se tusken 1991-1993 de oplieding Hegeskoalle foar de keunsten yn Utert.
Se wurket mei de techniken skilderjen, oaljeferve ( ek wolris sillikoanekit, boekbinerslym en/of soer) op hout, MDF, masonite, sink en stiel. Se wurket figuratyf en fynt har ûnderwerpen (meast minsken) ticht by hûs yn de foarm fan freonen, bern. HJirtroch komt de taskôger yn ferskillende rollen: fan tafallige taskôger oant oabservant oant twongen struner fan in neaken dat hielendal himsels is. Faak brûkt se hjirby spegelingen en brûkt tsjinstellingen lykas kontrast. In har wurken op stiel 'skildert' se mei soer sadat roastlagen ûntstean. Se skuorret dan ek wol dielen fuort en de oaljeferve is dan om de foarstelling folslein te meitsjen.
Se hat op in soad tentoanstellings stien, bg. by de Stifting Ateliers Vredeman de Vries yn Ljouwert, Snits, Amsterdam mar ek yn Denemark.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Keunstnerspriis Kiwanis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |