Springe nei ynhâld

Monosacharide

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Inkeldsûker)

Monosachariden (inkeldsûkers) binne de ienfâldichste koalhydraten. It binne aldehyd-alkohoalen en keton-alkohoalen mei trije oant seis koalstofatomen. Sûkers mei trije koalstofatomen wurden trioazen neamd, dy mei 4,5 en 6 binne tetroazen, pentoazen en heksoazen.

De fjouwer ferneamdste monosachariden:

Aldoaze of Ketoaze

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De monomeare basissûkers hawwe ien keatling fan 3,4,5,6 of 7 koalstofatomen dy't op ien nei allegear in hydroksylkloft drage. It oerbleaune koalstofatoom foarmet in karbonylkloft. As de karbonylkloft oan it earste koalstofatoom yn de keatling sit, is it in aldoaze (neamd nei aldehyde), as ien fan de oare koalstofatomen de karbonylkloft draacht is it in ketoaze (neamd nei keton).

Aldoaze sûker Ketoaze sûker
In aldoaze sûker mei 5 koalstofatomen
(aldo-pentoaze).
In ketoaze sûker mei 6 koalstofatomen
(keto-heksoaze).
Yn dizze werjefte fan sûkermolekulen, de Fischer-projeksje, binne de H en OH kloften sa oanjûn, dat stereo-isomearen yn it platte flak maklik wer te kennen binne.

Alfabetyske list fan monosachariden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tabel fan monosachariden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sorteare op tal koalstofatomen en gemyske eigenskippen:

aldoazeketoaze
trioazeglyseraldehydedihydroksyaseton
tetroazeerytroaze
treoaze
erytruloaze
pentoazearabinoaze
lyksoaze
ksyloaze
riboaze
ksiluloaze
ribuloaze
heksoazealloaze
altroaze
galaktoaze
glukoaze
guloaze
mannoaze
taloaze
ydoaze
fruktoaze
psikoaze
sorboaze
tagatoaze


Dit artikel is in stobbe oer skiekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]