Ingrid Swenson
Ingrid Swenson | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | ? | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 25 juny ±1975 | |
berteplak | ? (Ruslân) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2010 – 2011 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Ingrid Swenson, echte namme ûnbekend (25 juny ±1975), is in rêstend Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise dy't yn 'e Feriene Steaten wennet en wurket. Hja wie yn 'e jierren 2010 en 2011 yn 'e Amerikaanske pornoyndustry aktyf.
Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ingrid Swenson waard omtrint 1975 berne yn Ruslân. Nei't hja har yn 'e Feriene Steaten nei wenjen set hie, makke hja yn 2010 har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Swenson ûnder har karriêre as pornoaktrise yn in fiiftal films, û.m. foar The Score Group, dy't him taleit op pornofilms fan it grutte-boarstesjenre, mar dêrnjonken ek foar BangBros en Reality Kings. Fierders wie se ek foar pornosites op it ynternet aktyf, en posearre se foar neakenblêden. Yn 2011 loek Swenson har út 'e pornoyndustry werom. Hja wennet yn Miami Beach, yn 'e Amerikaanske steat Floarida.
Lichaamlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Neffens har offisjele opjefte is Swenson 1.62 m lang, mei in gewicht fan 53 kg, en kupmaat 34DD. Dêrfoar hat se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergean moatten. Hja hat in ûnderrêchtatoeaazje en in nâlpiercing.
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Ingrid Swenson yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Ingrid Swenson op FreeOnes
- (in) Profyl fan Ingrid Swenson of Scoreland.com
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |