Springe nei ynhâld

In de Vrijloop

Ut Wikipedy
Yn de Frijloop
Efterkant Yn de Frijloop
Gevelstien

In de Vrijloop is in feriening op De Jouwer foar minsken dy't út it wurk wei binne. It is opsetten troch Douwe Egberts foar syn âld-wurknimmers. Letter is it gebou en de ynhâld foar it symboalyske bedrach fan ien gûne ferkocht oan de Stifting Yn de Frijloop. De Sosjaal Kulturele Kommisje (SCC) organisearret no foar alle Jousters in soad aktiviteiten, lykas:

  • kursussen
  • kofjemoarn
  • houtbewurking
  • yoga
  • skilderjen, byldhouwen en tekenjen
  • reiskes

In sintraal plak yn it ferieningsgebou oan de Syl nimt it biljerten en kaartspyljen yn.

Troch Douwe Egberts binne in tal masines foar hout- en metaalbewurking skonken: draaibanken, freesbanken, skuormasines en oare masines.

In diel fan it gebou is ornearre foar de Omrinwinkel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: