Immanuel Fichte
Immanuel Hermann von Fichte (Jena, 18 july 1797 - Stuttgart, 8 augustus 1879) wie in Dútsk filosoof. Hy wie in teïst en in fûl tsjinstanner fan de Hegeliaanske Skoalle.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Immanuel Fichte wie de soan fan de filosoof Johann Gottlieb Fichte. Hy studearre yn Berlyn en waard yn 1836 heechlearaar filosofy oan de universiteit fan Bonn. Yn 1842 naam er in learstoel oer oan de Eberhard-Karls-Universiteit yn Tübingen .
Fichtes fisy op de filosofy feroare frijwat yn de rin fan syn libben. Hy arbeide op mei Christian Hermann Weisse, mar ferskilde mei him fan miening oer de lear fan Georg Wilhelm Friedrich Hegel, dy't neffens Fichte grutte fouten befette; benammen hie er in grutte ôfkear fan it pantheïsme en it leechlizzen fan de minske dat in skaaimerk fan de Hegeliaanse fisy. Oan de hân fan de monadology fan Leibniz besocht Fichte it monisme fan Hegel te ferienigjen mei it yndividualisme fan Johann Friedrich Herbart. Op letter jierren wie er fral oanhinger fan de teösofy.
It hat bliken dien dat Fichte syn ynfloed net grut is, as gefolch fan syn ynkonsistinsjes en it eklektisisme.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beiträge zur Charakteristik der neueren Philosophie, 1829
- Die Idee der Persönlichkeit und der individuellen Fortdauer, 1834.
- Die Grundzüge zum System der Philosophie (3 b. 1833 Erkennen als Selbsterkennen, 1836 Ontologie, 1846 Die speculative Theologie)
- System der Ethik, 1-2, 1850-1853
- Anthropologie, 1856
- Psychologie, 1-2, 1864-1973
- Die theistische Weltansicht und ihre Berechtigung, 1873
- Fragen und Bedenken über die nächste Fortbildung deutscher Speculation, 1876.
- Der neuere Spiritualismus, 1878
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Biografy