Springe nei ynhâld

Ilse Kraaijeveld

Ut Wikipedy
Ilse Kraaijeveld
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum22 desimber 1990
berteplakDokkum
sportive ynformaasje
sportSwimmen
ûnderdielFrije Slach
trenerHenri Koek
earste titel4x50 m EK koartebaan 2010
debút2009

Ilse Kraaijeveld (Dokkum, 22 desimber 1990) is in Frysk swimster.

Op de Iepen Nederlânske kampioenskippen swimmen 2009 yn Eindhoven stie Kraaijeveld foar de earste kear op het NK-podium, sulver op sawol de 50 as de 100 meter frije slach. Twa wiken letter, op de NK sprint,foldie se oan de limyt foar de Europeeske kampioenskippen koartebaanswimmen 2009 yn Istanboel op de 50 meter frije slach. Yn Istanboel strrâme se yn de searjes fan de 50 meter frije slach.

By de Amsterdam Swim Cup 2010 wist Kraaijeveld in plak te bemachtigjen yn de 4x100 meter frije slach foar de Europeeske kampioenskippen swimmen 2010 yn Boedapest. Nei ôfrin fan de Amsterdam Swim Cup waard bekend dat se nei de simmer oerstapt nei it Nasjonaal Swimynstitút Eindhoven, yn Eindhoven sil se trene ûnder lieding fan Jacco Verhaeren.[1] Op de Europeeske kampioenskippen yn Boedapest waard de Nederlânske útskeakele yn de searjes fan sawol de 50 as de 100 meter frije slach, tegearre mei Saskia de Jonge, Elise Bouwens en Femke Heemskerk einige se as seisde op de 4x100 meter frije slach. Yn Eindhoven nom Kraaijeveld diel oan de Europeeske kampioenskippen koartebaanswimmen 2010, op dit toernoai strâne se yn de searjes fan de 100 meter frije slach. Op de 4x50 meter frije slach swom se mei Inge Dekker, Saskia de Jonge en Marleen Veldhuis yn de searjes, yn de finale ferovere Dekker mei Femke Heemskerk, Hinkelien Schreuder en Ranomi Kromowidjojo de Europeeske titel. Foar har oandiel yn de searjes waard Kraaijeveld leanne mei de gouden medalje.

By de Europese kampioenskippen koartebaanswimmen 2011 yn Szczecin waard se útskekele yn de searjes fan de 100 meter frije slach, mei Tamara van Vliet, Rieneke Terink en Maud van der Meer einige se as fjirde op de 4x50 meter frije slach.

Yn 2012 beslut Kraaijeveld om wer nei Swimferiening Orka yn Ljouwert te gean om te trenen by Henri Koek

Ynternasjonale toernoaien

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Olympyske Spullen WK langebaan WK koartebaan EK langebaan EK koartebaan
2009gjin dielname23e 50m frije slach
2010gjin dielname20e 50m frije slach
23e 100m frije slach
6e 4x100m frije slach
20e 100m frije slach
Goud 4x50m frije slach
Kraaijeveld swom inkeld de searjes
2011gjin dielname33e 100m frije slach
4e 50m frije slach

Nederlânske kampioenskippen swimmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
JierNK langebaanNK koartebaan[2]
200613e 100m rêchslach
9e 200m rugslag
13e 100m rêchslach
16e 50m frije slach
16e 100m rugslag
12e 200m rugslag
20078e 50m frije slach
12e 100m frije slach
10e 200m rêchslach
4e 50m frije slach
10e 100m frije slach
20086e 50m frije slach
9e 100m frije slach
5e 50m vrije slag
4e 100m frije slach
15e 200m frije slach
13e 50m rêchslach
2009Sulver 50m frije slach
Sulver 100m frije slach
6e 200m frije slach
Brûns 50m frije slach
4e 100m frije slach
12e 200m frije slach
7e 50m flinterslach
2010Brûns 50m frije slash
Sulver 100m frije slach
Sulver 50m frije slach
Brûns 100m frije slach
Brûns 200m frije slach
20116e 50m frije slach
13e 50m rêchslach
14e 50m frije slach
16e 100m frije slach

Persoanlike rekords

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bywurke oant en mei 5 desimber 2010

OfstânTijdDatumPlak
50m frije slach24,6511 desimber 2009[3]Istanbûl
100m frije slach54,385 desimber 2010Amsterdam
200m frije slach1.58,594 desimber 2010Amsterdam
OfstânTiidDatumPlak
50m frije slach25,4912 juni 2009Eindhoven
100m frije slach55,2614 juni 2009Eindhoven
200m frije slach2.03,2014 juny 2009Eindhoven

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ilse Kraaijeveld stapt over naar NTC Eindhoven
  2. Yn 2011 waard de NK koartebaan mei it each op de Olympyske Spullen fan 2012 ferfongen troch in NK op de langebaan.
  3. Saskia de Jonge wint time-trial foar 4x50 frij