Ik beloof
Ik beloof is de Fryske ferzje fan de klassiker Avond fan de Nederlânske sjonger Boudewijn de Groot. Foar it projekt Reizger yn Fryslân feroare Boudewijn de Groot yn 2021 de titel yn Ik Beloof. Ik beloof mijn trouw aan jou.
Reizger Yn Fryslan wie de opfolger fan Boudewijn de Groot in het Fries út 2019. De CD bestiet út fjirtjin nûmers fan De Groot dy’t sels meidocht oan twa nûmers. De oersettings fan it projekt binne fan muzykprodusint Cees de Wolff. Boudewijn de Groot song sels net yn it Frysk, dat waard dien troch Grytz. It liet is in duet yn it Nederlânsk en it Frysk dat yn 2020 foar de earste kear tegearre yn teäter De Harmonie yn Ljouwert te hearren wie. It ferske wie ûnderdiel fan it lêste optreden yn Fryslân fan ‘Vreemde Kostgangers’, de gearwuring fan Boudewijn de Groot mei Henny Vrienten en George Kooymans.[1]
Fryske Top 100
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ik Beloof kaam yn 2021 binnen op nûmer 8 fan de Fryske Top 100 en wie dêrmei de heechste binnenkommer. Dit súkses foar Grytz hie wol as fefolch dat Grytz har nûmer 'Moarntiid' sakke fan 35 nei 81. Moarntiid is winliken itselde nûmer, mar dan in eardere ferzje.
Oarspronklike Nederlânske ferzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike Avond is in nûmer fan Boudewijn de Groot út 1996. It waard yn 1997 en 2005 op single útbrocht. By in soad minsken waard it liet bekend troch de sin Ik geloof (in jou en mij). Lennaert Nijgh skreau it nûmer yn 1973 foar syn destiidske leafde Anja Bak, de hjoeddeiske frou fan Boudewijn de Groot.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike ferzje fan it liet is yn 1973 as De Avond skreaun troch De Groot en Nijgh foar it album In de uren van de middag fan Rob de Nijs. De tekst waard troch Nijgh skreaun yn de perioade dat hy troud wie mei Anja Bak.
Doe’t De Groot jierren letter troude mei dyselde Bak, naam hy it nûmer fannijs op út leafde foar har. Hy paste de tekst oan en betocht der nije muzyk by. Avond ferskynde yn 1996 op it album Een nieuwe herfst, De Groot syn earste album sûnt 1984. It liet waard yn 1997 op single útbrocht en helle it 56e plak yn de Mega Top 100. Yn de folgjende teätertoernees waard it liet noch populêrder by it publyk, mei gefolch dat it liet faak mei útset lûd meisjongd waard, dêr’t De Groot by de oankundiging fan it liet dan ek om frege. Yn 2005 ferskynden fiif ferzjes fan it liet op de bonusskiif De Avonden by it album Het eiland in de verte.
Radio 2 Top 2000
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de earste edysje yn 1999 hat it nûmer altiten yn de jierlikse Top 2000 fan Radio 2 stien. Avond gie al hurd omheech yn de list: 428 (1999), 121 (2000), 41 (2001), 25 (2002), 8 (2003), 5 (2004). Yn 2005 kaam it liet, nei in oprop fan Radio 2-diskjockeys om ris te stimmen op in oar nûmer as Bohemian Rhapsody fan Queen, op nûmer 1. Yn de dêrnei folgjende jierren bleau it nûmer yn de top 10 fan de Top 2000 stean. It nûmer wie oant 2009, it jier fan it ferstjerren fan Ramses Shaffy, it ienige Nederlânsktalige nûmer dat yn de top 10 fan dy list stien hie.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|