Eemnesser Polder
Appearance
(Trochferwiisd fan Iemnesser Polder)
De Eemnesser Polder (ek Eemnesserpolder) is in greidegebiet yn de provinsje Utert dat begrinze wurdt troch de A1, de Wakkerendyk, de Mientwei yn Eemnes, de Goaimar en de Eem.
Fan Eemnes rint in feart nei in âld gemaal dat it wetter op de Eem lost. De Wakkerendyk is de âlde beskerming foar Eemnes doe't de polder winterdeis ûnder wetter stie en de Sudersee oan de dyk ta kaam.
Oan de noardeastkant fan de polder leit oan de Eem, by de Goaimar, jachthaven It Raboes. Tusken It Raboes en Eemnes stiet in Radio Untfangstasjon.
It gebiet is benammen oan de noardkant ryk oan greidefûgels as ljippen, skriezen, hjerringslynders, strânljippen en tsjirken.