IShowSpeed

Ut Wikipedy
IShowSpeed
sjonger en/of muzikant
IShowSpeed yn novimber 2021
IShowSpeed yn novimber 2021
persoanlike bysûnderheden
echte namme Darren Watkins Jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 jannewaris 2005
berteplak Cincinnati
etnisiteit Afro-Amerikanen
wurkpaad
sjenre rap, hiphop
sjongtaal Ingelsk
jierren aktyf sûnt 2016
prizen Streamy Award 2022
offisjele webside
YouTube-kanaal IShowSpeed

Darren Watkins Jr. (Cincinnati, 21 jannewaris 2005), ferneamd ûnder syn artystenamme IShowSpeed en Speed, is in rapper en youtuber út de Feriene Steaten. Hy is bekend om syn ferske "World Cup".

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sosjale media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard yn 2016 lid fan YouTube en uploade út en troch gameplayfideo's. Om desimber 2017 hinne begûn Watkins te livestreamen en fideo's te uploaden fan games as NBA 2 K en Fortnite, mar wist mar gemiddeld twa sjoggers te berikken. Uteinlik seach syn tal abonnees yn in pear moannen tiid omheech gean, oant 100.000 abonnees yn april 2021, 1 miljoen yn juny 2021 en 10 miljoen yn july 2022.[1] [2]

Watkins waard ek bekend mei syn saneamde ragevideo's, fideo's dêr't er lilk yn wurdt, en begûn ek mei it meitsjen fan muzyk.

Op 15 novimber 2022 waard er troch Sky Sports ûntbean nei diskriminearjende útspraken, dêr 't er op 8 april 2022 noch syn ekskuzes foar oanbean hie.

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus 2021 brocht Watkins syn earste single, Dooty Booty, út op syn YouTube-kanaal. Nei de upload waard it nûmer gau populêr op YouTube en oare sosjale mediasites lykas TikTok. Yn novimber 2021 brocht Watkins in single út mei de titel Shake dy't mear as 130 miljoen views krige op YouTube.

Yn juny 2022 brocht er in nûmer út mei de titel Ronaldo (Sewey), nei oanlieding fan syn bewûndering foar Cristiano Ronaldo. Yn novimber 2022 brocht er in single út mei de titel World Cup by Warner Records ta eare fan it WK fuotbal 2022.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Utbrocht op
Lying 6 augustus 2021
Dooty Booty 25 augustus 2021
Bounce That A$$ 23 septimber 2021
Shake 24 novimber 2021
Shake Pt.2 22 jannewaris 2022
God is Good 3 april 2022
Ronaldo [SEWEY] 10 jun 2022
World Cup 4 novimber 2022

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: