IJme Gerardus Bijvoets
Appearance
IJme Gerardus Bijvoets (Gzn.) (Wymbritseradiel, 2 septimber 1837 – Haarlim, 25 jannewaris 1901[1]) wie in Nederlânsk arsjitekt fan Frysk komôf.
Hy wie in soan fan skilder en glêzemakker Gerardus Adrianus Bijvoets en Dieuwke Ymes Pietersma.
Hy liet him yn 1866 as boukundige yn Amsterdam ynskriuwe. Under oaren yn Amsterdam en Westbeemster ûntwurp er ferskate gebouwen. Guon dêrfan binne hjoed de dei monumint, mar it meastepart fan de wenten en winkels dy't Bijvoets boud hat binne wilens sloopt. Yn 1891 kaam de Wintertún foar de ien jier earder iepene Tivoli Skouboarch yn Rotterdam klear.
Hy wie troud mei Adriana Dolphina Boonekamp († 1890) en krige mei har teminsten twa bern.
Wurk (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Westbeemster, St. Jan de Doper mei de pastory, Jisperwei 55, om 1879, ryksmonumint;
- Amsterdam: Gebou Mercurius, Prins Hendrikkade 20, 1882-1883, ryksmonumint;
- Amsterdam: Rokin 26, 1883 yn neo-renêssânsestyl, gemeentlik monumint;
- Amsterdam: De Ruijterkade 105-106, 1884, hoekpân mei û.o. remise, wurkromte en boppewenten, ryksmonumint;
- Rotterdam: Tivoli Wintertún, 1891;
- Amsterdam: Stadhouderskade 62-64, hoeke Frans Halsstrjitte.
-
Rokin 26 (linkerpân)
-
Gebou Mercurius oan de Prins Hendrikkade.
-
St. Jan de Doper.
-
Hoeke Steedhâlderskade/Frâns Halsstrjitte.
Fierder lêze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- V. van Rossem (2010), IJme Gerardus Bijvoets
- Argyf fan Arsjitekteburo IJ. Bijvoets Gz, op: Stedsargyf Amsterdam
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|