Hachette Books
Hachette Books | ||
algemien | ||
hist. namme | Hyperion Books | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 1990 | |
oprjochter | Michael Eisner Robert S. Miller | |
eigner | Lagardère Group | |
mem | Hachette Book Group | |
dochters | sjoch ûnder ymprints | |
offisjele webside | ||
www.hyperionbooks.com |
Hachette Books, foarhinne Hyperion Books, is in Amerikaanske útjouwerij, dy't bestiet sûnt 1990, en dy't fêstige is yn New York. Dit bedriuw publisearret sawol fiksje as non-fiksje foar folwoeksenen ûnder fjouwer ferskillende ymprints. Foarhinne makke Hyperion ûnderdiel út fan 'e Walt Disney Company, mar sûnt 2013 heart it ta de Hachette Book Group. Hyperion Books for Children (HBC) is in útjouwerij dy't losstiet fan Hyperion Books, en dy't noch altiten ta it Disney-concern heart.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hyperion Books waard yn 1990 oprjochte troch Michael Eisner en Robert S. Miller as útjouwerij foar folwoekseneliteratuer foar de Walt Disney Company. Datselde jiers waarden ek Hyperion Books for Children (HBC) en Disney Press oprjochte, en mei oare Disney-ûnderdielen waarden dy trije bedriuwen yn 1992 ûnderbrocht by de Disney Publishing Group, hoewol't HBC en Disney Press yn 1995 ta ien bedriuw fúzjearren.
Hyperion litte ferliezen oant de útjouwerij yn 1994 in bestseller skoarde mei Don't Stand to Close to the Naked Man, fan akteur Tim Allen, wêrfan't 1,1 miljoen eksimplaren ferkocht waarden. Yn 1999 waard Hyperion Books oerpleatst fan 'e Disney Publishing Group nei in oare difyzje, de Disney-ABC Television Group.
Yn 2013 ferkocht Disney Hyperion Books oan 'e Hachette Book Group, de Amerikaanske difyzje fan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre. Dêrby waard ôfpraat dat boeken foar jongfolwoeksenen en titels út 'e fûnskatalogus fan Hyperion dy't te krijen hiene mei besteande Disney-tillefyzjeprogramma's oerhevele wurde soene nei de ymprint Disney-Hyperion fan Hyperion Books for Children.
Yn 2018 ferdwûn de namme Hyperion en waard de útjouwerij omneamd ta Hachette Books.
Ymprints
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |