Hynder (skaken)
It hynder (Ingelsk: Knight) is ien fan de seis ferskillende stikken fan it skaakspul.
Begjinposysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it begjin fan it spul hawwe beide spilers elk twa hynders. De hynders steane opsteld tusken de riedshear (loper) en de toer. Foar wyt is dat op de fjlden b1 en g1, foar swart op de fjilden b8 en g8.
Rin fan it hynder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hynder beweecht altyd ien fjild hoarizontaal of fertikaal en dêrnei twa fjilden foarút of efterút nei links of nei rjochts (ien rjocht + 1 skean). In oare wize om dit te formulearjen is dat it begjinfjild en it einfjild in L-foarm hawwe: it hynder beweecht 2 fjilden hoarizontaal mei 1 fjild fertikaal of in beweging fan 2 fjilden fertikaal mei 1 fjild hoarizontaal. Of: in hynder mei fersetten wurde nei ien fan de tichtstby lizzende fjilden dy ’t net op deselde line, rige of diagonaal lizze as it fjild dêr’t it op stiet.[1], dus feitlik de tichtstby lizzende fjilden dêr ’t de keninginne net hinne mei.
It hynder is it ienige skaakstik dat springe mei, dat wol sizze: de tuskenlizzende fjilden meie beset wêze, net allinnich troch eigen stikken mar ek troch stikken fan de tsjinstanner. It einfjild moat wol leech wêze of beset wurde troch in fijanlik stik. In hynstesprong is de ienige beweging op it skaakboerd dêr ’t gjin rjochte of diagonale linen folge wurde. In hynder springt hyltiten nei in fjild fan in oare kleur. In hynder op in swart fjild bestrykt sadwaande allinnich wite fjilden, en omkeard. Dit gegeven is in tema yn bepaalde einspulstúdzjes, dêr 't tsientallen setten foarút beriddeneard wurde kin oft in hynder op in bepaald stuit in bepaald fjild bestrike kin.
Sterkte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In hynder kin fanút it sintrum de measte krêft útoefenje en wurdt dan ek allinnich nei de râne fan it boerd spile at der in spesifike reden ta is.
Oan in hynder wurdt tradisjoneel de relative wearde fan trije punten takend. Dit is trije kear safolle as oan in pion en likefolle as oan in riedshear.
In hynder is benammen sterk yn it middenspul. Trochdat in hynder oer oare stikken hinne springe kin, wurdt it minder behindere troch in 'fol' boerd. Yn it einspul is in hynder meastentiids wat minder sterk as in riedshear: syn aksjeradius is nammentlik beheinder. It hynder hat fan de oare kant it foardiel dat it, yn tsjinstelling ta de riedshear, alle fjilden berikke kin.
As der yn it skaakspul in foarke útfierd wurdt, bart dat hiel faak mei in hynder. De twa oanfallen stikken kinne ommers, troch de spesifike beweging fan it hynder, it hynder net ien fan beide slaan.
Ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat in hynder elke set in bepaalde ôfstân ôflizze moat, hat it benammen ynfloed op fjilden dy ’t tichtby lizze. De ôfbylding hjirneist toant hoefolle setten in hynder minimaal dwaan moat om in fjild te berikken. In hynder oefent net folle ynfloed út op fjilden dy ‘t diagonaal twa plakken fierder lizze. It kostet in hynder nammentlik fjouwer setten om sa ’n fjild te berikken.
Oare tapassings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hynstesprong hat neist de primêre bestjutting yn it skaakspul ek oare betsjuttings binnen bygelyks de wiskunde lykas de hynderrûngong, by it ferwurkjen fan muorre- of fliertegels mei ferskate kleuren en by it boartsjen fan bernespultsjes op in tegelpatroan. In oare ynset fan in hynstesprong bûten it skaakspul is in hynstesprongpuzel: in 3x3-fjouwerkant mei oan de rânen 8 letters wêrby ’t de letters dy ’t berikt wurde kinne troch opienfolgjende hynstesprongen yn dy folchoarder in wurd foarmje.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chess knights fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|