Springe nei ynhâld

Hydraulic fracturing

Ut Wikipedy
Boartoer yn de Feriene Steaten (skalygas).
Skematyske tekening fan it frackingsproses.

Hydraulic fracturing of fracking (tiidwurd: fracken) is in boartechnyk foar it winnen fan fossile grûnstoffen lykas ierdgas en ierdoalje út stienlagen. Troch it ûnder hege druk ynspuitsjen fan floeistoffen kin gas of oalje út de grûn weihelle wurde. De technyk is foaral bekend wurden troch it winnen fan skalygas.

It gas en de oalje lizze opsletten yn in stienlaach ûnder de grûn. Yn de boarput wurde ûnder hege druk (sawat tusken de 400 en 1000 bar) wetter, keramykkerrels en gemikaliën spuite. De kombinaasje fan wetter, keramykkerrels en gemikaliën wurdt fracfluid neamd. De fracfluid streamt troch in fertikale boarput en wurdt ornaris horizontaal yn de stienlaach brocht. De stienlaach stiet troch de djipte en de swiertekrêft ûnder in hege druk. Mei help fan de fracfluid ûntstean skuorkes fan in oantal millimeters yn de stienlaach. Ut dy skuorkes komt dan gas of oalje frij. It gas of de oalje wurdt dan mei de fracfluid weromhelle nei de oerflakte. De keramykkerrels bliuwe yn de skuorkes yn de stienlaach efter sadat de druk yn de stienlaach bliuwt en it gas goed troch it stiente streame kin. Om it gas út de grûn te heljen is ien boarput net genôch. Om de oarspronklike boarput hinne binne oare boarputten nedich sadat de fracking technyk genôch jild opsmyt.

Ferskate miljeu organisaasjes hawwe fûle krityk op dizze gaswinningstechnyk. Kritykpunten binne ûnder oaren loftfersmoarging en grûnwetterfersmoarging. De gemikaliën yn it wetter soenen de kâns op kanker fergrutsje kinne as de fracfluid yn it grûnwetter komme soe. Sâltlagen skiede de stienlagen fan it grûnwetter, sadat de kâns lyts is dat gemikaliën út de stienlagen yn it grûnwetter komme. De gemikaliën soenen ek yn it grûnwetter komme kinne troch in skuor yn de boarput of lekkaazje oan de oerflakte. De metaangassen dy't frijkomme by it fracken binne broeikasgassen dy't mear as 20 kear sa skealik binne as koalstofdiokside.

Fracking yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 2012 is by Kollumerpomp 8200 kilo oan skealike stoffen brûkt by it fracken, wêrfan 41 kilo hiel giftich. Yn East-Fryslân wurdt de technyk ek op ferskate plakken tapast. [1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Hydraulic fracturing – foto, fideo en harktriemmen
Listen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside It Nijs: Miljeugefaarlik fracking yn Fryslân (sjoen op 31 july 2012)