Huizerhoogt
Huizerhoogt is in buorskip yn de gemeente Huizen yn Noard-Hollân. It grinzet oan de gemeente Blaricum, mar falt formeel ûnder it plak Huizen. It gebiet leit oan en om de Blaricummerstrjitte.
De Blaricummerstrjitte is yn 1834 oanlein as ferbiningswei tusken Blaricum en Huizen. Yn de jierren 20 fan de 20e iuw is begûn mei bebouwing yn dizze fillawyk. It strjitplan, en ek inkele wenningen binne ûntwurpen troch Harry Elte, de wenningen kenmerkje har troch lege bakstiennen gevels mei steile reiden kapen. It meastepart fan de wenningen yn de wyk is boud nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn de lêste 30 jier fan de 20e iuw is der in pear kear in plan op it aljemint komd wêrby't Huizerhoogt ynruile wurde soe foar in diel fan de Bijvanck, dat yn de gemeente Blaricum leit, mar oan Huizen grinzet.