Springe nei ynhâld

Houten Tsjerken fan Kizji Pogost

Ut Wikipedy
Tsjerken fan Kizji Pogost
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
republyk Kareelje
plak Kizji Pogost
koördinaten 62° 4' N 35° 13' E
Arsjitektuer
boujier 18e iuw
monumintale status UNESCO Wrâlderfgoed
Kaart
Houten Tsjerken fan Kizji Pogost (Kareelje)
Houten Tsjerken fan Kizji Pogost

Kizji Pogost is in histoarysk tsjerkekompleks út de 17e iuw op it eilân Kizji, Ruslân. It eilân leit yn 'e Onegamar yn Kareelje. Mei Kizji Pogost wurdt in ôffrede gebiet ornearre, wêrbinnen twa houten tsjerken en in klokketoer steane. Sûnt 1990 stiet it houten kompleks op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

De pogost waard boud op it súdlike diel fan it eilân op in fjouwer meter hege heuvel. De tsjerken binne boud sûnder gebrûk fan spikers en foar de bou binne tûzenen beamstammen fan it fêstelân helle, itjinge foar dy tiid al in hiele opjefte wie.

Transfiguraasjetsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Transfiguraasjetsjerke.

De Transfiguraasjetsjerke (Russysk: Церковь Преображения Господня) is it meast opmerklike bouwurk fan 'e pogost. De tsjerke is in simmertsjerke, d.w.s. de tsjerke hat gjin ferwaarming en wurdt winterdeis net brûkt. It alter waard op 6 juny 1714 wijd, in datum dy't ek op it krús yn 'e tsjerke stiet. De foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke baarnde ôf, nei't de bliksem de tsjerke rekke hie. Wa't de boumaster fan 'e tsjerke wie is ûnbekend. Neffens in leginde soe de belangrykste bouwer foar de hiele tsjerke ien bile brûkt ha, dy't nei de foltôging yn 'e mar smiten waard mei de wurden: der wie net en der sil net in oare wêze dy't it by dizze tsjerke hellet.

De yn 1963 ôfbaarnde tsjerke út 1708, dy't mooglik model stien hat foar de Transfiguraasjestjerke (foto fan 1909 troch Sergej Prokûdin-Gorski).

De tsjerke hat 22 sipels en mei in hichte fan 37 meter is it ien fan 'e heechste houten gebouwen fan it Russyske noarden. Der wurdt sein dat de tsjerke fan it doarp Anchimovo (Vologda) mei 18 sipels - boud yn 1708 en troch brân ferneatige yn 1963 - it foarbyld wie fan 'e tsjerke. Yn oerienstimming mei Russyske tradysjes yn dy tiid waard foar de bou fan 'e houten tsjerke gjin spikers brûkt. Oan 'e tsjerke slút de refter oan.

Yn 'e 19e iuw wie de tsjerke ôfdutsen mei latten en guon dielen mei stiel. De tsjerke waard yn 'e jierren 1950 werom brocht yn 'e oarspronklike steat.

De tsjerke rêst op in stiennen basis sûnder djip fûnemint. Allinnich foar it westlike diel fan 'e tsjerke waard yn 1870 in fûnemint boud. It measte hout is dinnehout mei planken fan fjurrehout op 'e platte dakken. De laaien op 'e sipels binne fan it hout fan 'e kletterbeam (Populus tremula) makke.

De tsjerke hat in ikonostaze fan fjouwer rigen mei 102 ikoanen. De ikonostaze stamt út de twadde helte fan 'e 18e iuw, begjin 19e iuw, wylst de ikoanen út trije perioaden datearje: de twa âldste ikoanen (de Transfiguraasje en de Povkrov) binne let 17e-iuwsk en fertsjintwurdigje de noardlike skilderstyl.

De sintrale ikoanen binne út de twadde helte fan 'e 18e iuw en binne ek lokaal fan styl. De measte ikoanen oan 'e trije heechste rigen binne let 18e iuwsk en waarden makke yn ferskillende dielen fan Ruslân.

Foarbeatsjerke.

De Foarbeatsjerke (Russysk: Покровская церковь) is in wintertsjerke. Tsjinsten wurde holden fan 1 oktober oant en mei Peaske. De tsjerke wie de earste op it eilân nei in brân yn 'e lette 17e iuw, dy't alle tsjerke ferneatige. Yn 1694 waard de tsjerke boud, doe noch mei ien koepel. Tusken 1720 en 1749 waard de tsjerke op 'e nij boud en dêrnei yn 1764 ferboud yn 'e steat sa't de tsjerke no is De tsjerke is 32 meter heech en hat njoggen sipels, in grutte yn 'e midden en acht dêrom hinne groepearre. In opgeand portaal liedt ta de fjouwer romten fan 'e tsjerke. Krektlyk as yn 'e Transfiguraasjetsjerke hat it alter plak krige yn it eastlike diel fan it bouwurk. De oarspronklike ikonostaze is yn 'e 19e iuw ferfongen en ferlern gien. Yn 'e jierren 1950 is de ikonostaze rekonstruearre yn 'e oarspronklike steat.

Yn 'e 19e iuw waard de klokketoer fanwegen boufalligens yn 1862 ferfongen en fierder rekonstruearre yn 1874 en 1900. De toer is 30 meter heech en in fjouwerkante ûnderbou mei in achtkante boppebou dat rêst op in fûnemint fan pún en kalkstien. Under de achtkante spits mei dêr boppe it krús hingje de klokken. Foar de klokketoer is itselde hout brûkt as by de tsjerken.

Om 'e tsjerken en klokketoer waard yn 'e 17e iuw in wâl boud tsjin de Sweedske en Poalske ynkringers. Yn 'e jierren 1950 waard de wâl rekonstruearre as in 300 meter omheining op in fûnenmint fan swiere blokken stien. De haadyngong is 14,4 meter breed en 2.25 meter heech en leit eastlik by de Foarbeattsjerke. Lytse poarten binne der oan 'e eastlike en noardlike kant en in lytse houten toer yn 'e noardwestlike hoeke. De toer hat in fjouwerkante ûnderbou en in piramidespits fan latten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Kizhi Pogost