Houten Tsjerken fan Kizji Pogost
Kizji Pogost is in histoarysk tsjerkekompleks út de 17e iuw op it eilân Kizji, Ruslân. It eilân leit yn de Onegamar yn Kareelje. Mei Kizji Pogost wurdt in ôffrede gebiet ornearre, wêrbinnen twa houten tsjerken en in klokketoer steane. Sûnt 1990 stiet it houten kompleks op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
De pogost waard boud op it súdlike diel fan it eilân op in fjouwer meter hege heuvel. De tsjerken binne boud sûnder gebrûk fan spikers en foar de bou binne tûzenen beamstammen fan it fêstelân helle, itjinge foar dy tiid al in hiele opjefte wie.
Transfiguraasjetsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Transfiguraasjetsjerke (Russysk: Церковь Преображения Господня) is it meast opmerklike bouwurk fan de pogost. De tsjerke is in simmertsjerke, d.w.s. de tsjerke hat gjin ferwaarming en wurdt winterdeis net brûkt. It alter waard op 6 juny 1714 wijd, in datum dy't ek op it krús yn de tsjerke stiet. De foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke baarnde ôf, nei't de bliksem de tsjerke rekke hie. Wa't de boumaster fan de tsjerke wie is ûnbekend. Neffens in leginde soe de belangrykste bouwer foar de hiele tsjerke ien bile brûkt ha, dy't nei de foltôging yn de mar smiten waard mei de wurden: der wie net en der sil net in oare wêze dy't it by dizze tsjerke hellet.
De tsjerke hat 22 sipels en mei in hichte fan 37 meter is it ien fan de heechste houten gebouwen fan it Russyske noarden. Der wurdt sein dat de tsjerke fan it doarp Anchimovo (Vologda) mei 18 sipels - boud yn 1708 en troch brân ferneatige yn 1963 - it foarbyld wie fan de tsjerke. Yn oerienstimming mei Russyske tradysjes yn dy tiid waard foar de bou fan de houten tsjerke gjin spikers brûkt. Oan de tsjerke slút de refter oan.
Yn de 19e iuw wie de tsjerke ôfdutsen mei latten en guon dielen mei stiel. De tsjerke waard yn de jierren 1950 werom brocht yn de oarspronklike steat.
De tsjerke rêst op in stiennen basis sûnder djip fûnemint. Allinnich foar it westlike diel fan de tsjerke waard yn 1870 in fûnemint boud. It meast hout is dinnehout mei planken fan fjurrenhout op de platte dakken. De laaien op de sipels binne fan it hout fan de kletterbeam (Populus tremula) makke.
De tsjerke hat in ikonostaze fan fjouwer rigen mei 102 ikoanen. De ikonostase stamt út de twadde helte fan de 18e iuw, begjin 19e iuw, wylst de ikoanen út trije perioaden datearje: de twa âldste ikoanen (de Transfiguraasje en de Povkrov) binne let 17e-iuwsk en fertsjintwurdigje de noardlike skilderstyl.
De sintrale ikoanen binne út de twadde helte fan de 18e iuw en binne ek lokaal fan styl. De measte ikoanen oan de trije heechste rigen binne let 18e iuwsk en waarden makke yn ferskillende dielen fan Ruslân.
De Tsjerke fan de Foarbea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Tsjerke fan de Foarbea (Russysk: Покровская церковь ) is in wintertsjerke. Tsjinsten wurde holden fan 1 oktober oant en mei Peaske. De tsjerke wie de earste op it eilân nei in brân yn de lette 17e iuw, dy't alle tsjerke ferneatige. Yn 1694 waard de tsjerke boud, doe noch mei ien koepel. Tusken 1720 en 1749 waard de tsjerke op 'e nij boud en dêrnei yn 1764 ferboud yn de steat sa't de tsjerke no is De tsjerke is 32 meter heech en hat njoggen sipels, in grutte yn 'e midden en acht dêrom hinne groepearre. In opgeand portaal liedt ta de fjouwer romten fan de tsjerke. Krektlyk as yn de Transfiguraasjetsjerke hat it alter plak krige yn it eastlike diel fan it bouwurk. De oarspronklike ikonostase is yn de 19e iuiw ferfongen en ferlern gien. Yn de jierren 1950 is de ikonostase rekonstruearre yn de oarspronklike steat.
Klokketoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de 19e iuw waard de klokketoer fanwegen boufalligens yn 1862 ferfongen en fierder rekonstruearre yn 1874 en 1900. De toer is 30 meter heech en in fjouwerkante ûnderbou mei in achtkante boppebou dat rêst op in fûnemint fan pún en kalkstien. Under de achtkante spits mei dêr boppe it krús hingje de klokken. Foar de klokketoer is itselde hout brûkt as by de tsjerken.
De ôffreding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Om de tsjerken en klokketoer waard yn de 17e iuw in wâl boud tsjin de Sweedske en Poalske ynkringers. Yn de jierren 1950 waard de wâl rekonstruearre as in 300 meter omheining op in fûnenmint fan swiere blokken stien. De haadyngong is 14,4 meter breed en 2.25 meter heech en leit eastlik by de Tsjerke fan de Foarbea. Lytse poarten binne der oan de eastlike en noardlike kant en in lytse houten toer yn de noardwestlike hoeke. De toer hat in fjouwer kante ûnderbou en in piramidespits fan latten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Kizhi Pogost
|