Houke
Appearance
Houke of Hauke, útspr. [ˈhaukə], is in ridlik algemien foarkommende Fryske jongesnamme. De skriuwwize 'Houke' is dominant yn Westerlauwersk Fryslân; yn East-Fryslân en Noard-Fryslân en oanswettende net-Fryske gebieten yn noardlik Dútslân wurdt frijwol útslutend fan 'Hauke' skreaun. Dizze namme hat him ûntjûn út in ferkoarte foarm fan Germaanske nammen dy't begjinne mei òf Habuk- ("hauk"), òf Hug- ("ferstân").[1] As de lêste etymology krekt is, soe Houke de Fryske foarm wêze fan 'e Dútske en Nederlânske namme Hugo. De ekwivalinte Fryske famkesnamme is Houkje of Haukje, dy't krektlyk noch ridlik algemien foarkomt.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|