Holy Virgin Cathedral (San Francisco)
Katedraal fan 'e Hillige Jongfaam | ||
Lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Kalifornje | |
plak | San Francisco | |
adres | 6210 Geary Blvd | |
koördinaten | 37° 46' N 122° 29' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
patriarchaat | Moskou | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Oleg N. Ivanitski | |
boujier | 1961–1965 | |
Webside | ||
sfsobor | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan 'e Hillige Jongfaam (Ingelsk: Holy Virgin Cathedral) is in russysk-otterdokse katedraal yn it distrikt Richmond fan San Francisco. It is de grutste katedraal fan 'e seis katedralen fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke bûten Ruslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1812 ûnstie der lâns de westkust fan Noard-Amearika yn Kalifornje de russyske delsetting yn Fort Ross (Russysk: Форт-Росс). De parochy yn San Francisco fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke bûten Ruslân waard op 2 juny 1927 stifte.
De hjoeddeiske katedraal waard stifte troch de yn 1994 troch de synoade fan de ROT bûten Ruslân hillich ferklearre Sint-Jehannes fan Shanghai en San Francisco, berne Michail Maksmovitsj (* 4 juny 1896 – † 2 july 1966). Yn in distrikt mei in soad russyske restaurants en winkels is de monumintale katedraal it meast karakteristyk foar de Russyske oanwêzigens yn 'e stêd.
Op 25 juny 1961 waard de earste stien lein en de foltôging fûn plak yn 1965, wylst de konsekraasje op 31 jannewaris 1977 fierd waard.
Sint-Jehannes ferstoar yn 1966 en waard begroeven yn 'e katedraal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|