Hollânsk Djip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hollandsch Diep)
Lizzing Hollânsk Djip
Willemstêd oan it Hollânsk Djip

Hollânsk Djip (histoaryske namme: Buttervliet) is de namme fan in grutte rivierearm yn Nederlân, dy't ferbûn is mei de Ryn en de Maas. It Hollânsk Djip is in wichtich part fan de farwei fan Rotterdam nei Antwerpen.

De Amer en de Nije Merwede komme by inoar by Lage Zwaluwe en foarmje dêr it Hollânsk Djip. De Doardtske Kil hat by Moerdyk in ferbinding mei dat wetter. Under Numansdoarp spjalt it Hollânsk Djip him yn it Hjerringfliet en it Folkerak.

Oan de eastkant fan it Hollânsk Djip binne de Moerdykbrêgen en de brêge dy't it Eilân fan Dordrecht mei Noard-Brabân ferbynt. Der binne trije brêgen by Moerdyk: ien foar auto's, bromfytsers en fytsers, in spoarbrêge foar it gewoane treinferkear, en in spoarbrêge foar de HSL-Súd.

It Hollânsk Djip hjitte yn it ferline Wijvekeen. De stoarmfloed fan 1216 sloech by Voorne in gat yn de dunen en sa ûntstie it Haringvliet (namme sûnt 1315). Om 1250 hinne berikte it wetter de Striene en steamde fierder Brabân yn.

Prins Johan Willem Friso ferdronk op 14 july 1711, by it oerstekken fan Moerdyk nei Strijensas, yn it Hollânsk Djip.

De Stelling Hollânsk Djip en it Volkerak binne oanlein yn de 18e iuw om fijantlike skippen tsjin te hâlden.

Natura 2000[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it Hollânsk Djip is 4254 ha in Natura 2000-gebiet (lânskipsklassifikaasje: Rivieregebiet); de Esscheplaat, Zeehondenplaat en Sassenplaat falle dêrûnder.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]