Hohenstein (Hessen)

Ut Wikipedy
Hohenstein (Hessen)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
Sifers
Ynwennertal 6.176 (31.12.2020)
Oerflak 63,79 km²
Befolkingstichtens 97 / km²
Hichte 334 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 12´N 08° 4´E
Webside hohenstein-hessen.de

Hohenstein is in gemeente yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn de Dútske dielsteat Hessen.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hohensein leit yn it westlike diel fan de Taunus oan beide kanten fan de Aar tusken Limburg an der Lahn en Wiesbaden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Strinz-Margarethä is bekend dat it yn 1184 foar it earst neamd waard. De oare plakken yn 'e gemeente folgen yn de 13e en 14e iuw..

Yn it ramt fan de weryndielingen yn Hessen waard Hohenstein op 1 july 1972 út de earder selstannigen gemeenten Born, Breithardt, Hennethal, Hohenstein, Holzhausen über Aar, Steckenroth en Strinz-Margarethä oprjochte. It plak Hohenstein krige doe de nije namme Burg-Hohenstein.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burg Hohenstein
  • De Burg Hohenstein waard om 1190 troch de greve fan Katzenelnbogen en greve fan Laurenburg en Nassau boud. Tsjintwurdich docht de boarch tsjinst as hotel-restaurant.
  • De protestantske tsjerke fan Breithardt is in wartsjerke mei fresko's út de 15e iuw.
  • Yn de protestantske tsjerke fan Strinz-Margarethä stiet in histoarysk oargel fan Johann Jacob Dahm (1710).
  • Yn it bosk by Hennethal leit in letmidsiuwske lanwar, dy't nei alle gedachten tsjin it ein fan de 14e iuw oanlein waard om de Limburger Straße feilich te stellen.
  • Troch de gemeente rint in part fan de Limes. Resten fan de Limes binne te finen yn de omkriten fan Breithardt, Born en Steckenroth. De plakken binne oer in goed bewizere kuierpaad te besjen. Mear ynformaasje is te finen yn it Regionalmuseum Rheingau-Taunus (Georgenthal 1, Hohenstein-Steckenroth)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: (Untertaunus) Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.