Hodegetriatsjerke (Rostov)
Hodegetriatsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Rostov | |
koördinaten | 57° 11' N 39° 24' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1692-1693 | |
boustyl | Moskouse barok | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 762010268470196 | |
Kaart | ||
De Hodegetriatsjerke (Russysk: Одигитриевская церковь) is in tsjerkegebou yn it kremlyn fan Rostov, Ruslân. De tsjerke waard yn 'e jierren 1692-1693 boud, krekt wat letter as de oare gebouwen fan it biskoplike hôf en ûnder metropolyt Joasaf, de opfolger fan 'e metropolyt Iona Sisojevitsj, dy't it kremlyn bouwe liet. De tsjerke is boud yn 'e styl fan de Moskouske barok.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke stiet op 'e noardwestlike hoeke fan it kremlyn en waard boud doe't de muorren fan it kremlyn al foltôge wiene. It gebou hat in rjochthoekich grûnflak (mei in eastlike oriïntaasje) en hat twa ferdjippings. Allinne de boppeferdjipping waard as tsjerke brûkt. De bûtenmuorren binne letter beskildere en op ôfstân liket it oft der in reliëf is oanbrocht.
It ynterieur fan 'e tsjerke is hiel oars as dy fan oare tsjerken yn Rostov. Op 'e bôgen en muorren fan 'e tsjerke binne fan stúkwurk 20 cartouches yn in ûngewoane foarm oanbrocht en fuort dêrnei beskildere. Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw, doe't de âlde biskopsresidinsje yn it neigean rekke, rekke ek de steat fan 'e fresko's aloan minder. Doe't Nikolaas II yn 1912 in besite oan Rostov brocht, waarden se fernijd. Tusken 1920 en 1950 waarden de muorren ynklusyf de cartouches fan 'e tsjerke wytkalke. Yn 'e jierren 2001-2003 waarden se wer foar it ljocht helle en restaurearre.
De tsjerke hie yn 'e Sovjet-tiid ferskillende net-tsjerklike funksjes. Hjoed-de-dei is it gebou yn gebrûk fan it museum en is der op 'e twadde ferdjipping in eksposysje, wylst op 'e grûn de tsjerke as kantoarromte fan it museum tsjinst docht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Одигитрии (Ростов)
|