Hnevank

Ut Wikipedy
Hnevank

Հնեվանք

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
Provinsje Lori
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 12e iuw

Hnevank (Armeensk: Հնեվանք Hnevank, "Ald Kleaster"") is oarspronklik in kleaster fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn de noardlike provinsje Lori fan Armeenje. De skiednis fan it kleaster giet werom op de 7e iuw, mar it is tsjintwurdich foar in grut diel in ruïne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1244 liet prins Smbat út it skaai fan de Orbelians it kleaster op grutte skaal ferbouwe. In georgysk ynskrift yn de tamboer fan de haadtsjerke betinkt dat feit. Tusken 1186 en 1208 fûn de bou fan in gavit plak.

De Orbelians wiene besibbe oan de Liparitiden. Hja hearden ta de meast ynfloedrike feodale hearskers fan Georgje, oant se yn de 12e iuw ferballe waarden en harren yn Armeenje nei wenjen setten. Smbat sels wie de foarfaar fan de Armeenske foarsten fan de dynastsy fan Sjûnik.

It Armeenske regear liet it kleaster in jiermannich lyn wer restaurearje en by dy restauraasje waard de slim skeinde tsjerke wer restaurearre.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadtsjerke foar de weropbou

It kleaster leit op in heuvel yn de kontrijen fan it doarp Kûrtan yn in kleau fan de rivier Gargar, dy't in eintsje fierderop yn de Dzoraget útmûnet. De haadstêd Jerevan leit 164 kilometer fierder.

Njonken de haadtsjerke bestiet it kompleks ferspraat oer it kleasterhiem noch út twa oare tsjerken, in gavit en ferskillende wen- en bedriuwsferbliuwen. De gebouwen binne ryklik fersierd mei reliëfs. Súdwestlik fan de tsjerke stiet in frijsteande klokketoer De haadtsjerke waard oarspronklik yn de 7e iuw as krúskoepeltsjerke boud. Fan bûten is de tsjerke rjochthoekich, wylst it oerflak binnen krúsfoarmich is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: