Springe nei ynhâld

Hindrik Kloosterman

Ut Wikipedy

Hendrik Douwe Kloosterman (Rottefalle 9 april 1900 - 6 maaie 1968, Leien) wie in Nederlânsk wiskundige, dy't it meast bekend is fan de ynfiering fan de Kloosterman sommen.

Nei syn stúdzje oan de Universiteit fan Leien yn 1918-1922, studearre er yn Kopenhagen by Harald Bohr en yn Oxford by G. H. Hardy, nei bemidling troch Paul Ehrenfest. Yn 1924 krige er syn doktersgraad yn Leien ûnder superfyzje fan Jan Cornelis Kluyver. Fan 1926 oant 1928 studearre er yn Göttingen en Hamburch, aen wie er assistint yn Münster fan 1928-1930. Kloosterman waaard beneamd as lektor yn Leien yn 1930 en professer yn 1947. Yn 1950 waard er keazen as lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]