Hinbrêge
Appearance
De Hinbrêge is in fêste brêge yn de stêd Snits.
Stee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brêge oerkruset De Swette tusken de Goeman Borgesiusleane en de Bjirkeleane. De brêge leit op de rûte fan de Alvestêdetocht. Fierder nei de Stêdsgrêft leit de Swettebrêge; fierder de stêd út leit de Stêdrûnwei Noard.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brêge hjit nei de mûne De Hin, dy't earder tichtby dit stee oan de Swette stie, likernôch by de hjoeddeiske Linebeamleane. In sierstien dy't in hin mei pykjes foartstelt, dy't yn dit gebou siet doe't it al net in mûne mear wie, is ynmitsele yn 'e brêge.