Himelfeartkatedraal (Tver)

Ut Wikipedy
Himelfeartkatedraal

Вознесенский собор

bouwurk
Церковь Вознесения Тверь.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Tver Oblast.svg Tver
plak Flag of Tver.png Tver
koördinaten 56° 11' N 40° 31' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1826-1836
arsjitekt Ivan Fedorovitsj Lvov
boustyl Klassisisme
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 691410190130006
offisjele webside
vosnesenie.ru

De Himelfeartkatedraal (Russysk: Вознесенский собор; Voznesenski Sobor) is in tsjerke fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Tver, Ruslân. It is de biskopssit fan it bisdom Tver.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1612 stiene op it plak fan de hjoeddeiske katedraal twa tsjerken: in houten Himelfeartsjerke en in houten Epifanytsjerke. De twa tsjerken baarnden by de Poalsk-Litouske ynfal ôf. De Himelfearttsjerke waard yn 1624 wer opboud en letter waard in Epifanykapel tafoege, mar ek dy tjerke waard troch brân ferneatige. Op itselde plak waard in stiennen tsjerke (1751) boud mei deselde namme en inselde kapel (1760). Op 19 maaie 1763 waard ek dy tsjerke slim skeind troch in nije brân, mar der folge wer in weropbou.

Yn 1818 soe der in gruttere tsjerke boud wurde neffens in plan fan N. Legrand. Dat plan waard lykwols net útfierd fanwegen brek oan jild. De hjoeddeiske tsjerke waard neffens tekenings fan Ivan F. Lvov yn klassistyske styl boud. By de bou waarden dielen fan it muorrewurk fan de âlde tsjerke wer brûkt.

De katedraal waard yn 1935 op lêst fan de ateïstyske autoritieten sletten en oerdroegen oan it regionale Skiednismuseum. Under de Dútske besetting waard de tsjerke yn 1941 foar in koart skoftke werom jûn oan de otterdokse mienskip, mar nei't it Reade Leger de stêd werom ferovere en de kommunistisyke oerheid hersteld wie, waard de tsjerke op 'e nij sletten.

De eardere katedraal waard yn 1972 in tentoanstellingsromte, wêrfoar't it ynterieur oanpast waard.

Nei de fal fan de Sovjet-Uny waard it gebou yn 1993 werom jûn oan it bisdom.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Вознесенский собор (Тверь)