Springe nei ynhâld

Himelfeartkatedraal (Magnitogorsk)

Ut Wikipedy
Hemelvaartkathedraal
Свя́то-Вознесе́нский собо́р
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tsjeljabinsk
plak Magnitogorsk
adres Voznesenskaja Ul., 33
koördinaten 53° 22' N 58° 59' E
Arsjitektuer
arsjitekt Anatoni Volobujev
boujier 1991-2005
hichte 42 m
Webside
mgn-eparhia.ru
Kaart
Himelfeartkatedraal (Ruslân)
Himelfeartkatedraal

De Katedraal fan 'e Himelfeart fan 'e Hear (Russysk: Свято-Вознесенский собор; Svjato-Voznesenski sobor) is in katedraal yn 'e Russyske yndustrystêd Magnitogorsk (oblast Tsjeljabinsk) en de biskopstsjerke fan it yn 2012 stifte Russysk-otterdokske bisdom Magnitogorsk.

De tusken 1989 en 2004 boude katedraal leit oan 'e rjochter kant fan 'e Oeral yn Magnitogorsk, in wichtich sintrum fan 'e Russyske staalyndustry. De arsjitekt fan 'e yn in kombinaasje fan moderne tsjerke-arsjitektuer en de styl fan 'e Russyske arsjitektuer fan 'e 14e-15e iuw boude katedraal is Anatoni Volobujev út Magnitogorsk. De katedraal is 42 meter heech, en mei it krús 52 meter.

De beskildering fan it ynterieur en it eksterieur waard fesoarge troch Sergej Solomatin, in lid fan 'e Russyske Keunstnersferiening. De ikonostaze yn 'e katedraal is 15 meter heech, 25 meter breed en bestiet út 108 ikoanen, dy't skildere binne yn it atelier fan it Trije-ienheid-Sergius Lavra.

Sûnt 2014 hat de tsjerke de status fan katedraal.

Mei de bou waard yn 1989 útein set, mar troch jildnoed moast it wurk al gau staakt wurde. Yn 1998 koe it projekt mei help fan 'e izer- en staalbedriuwen fan 'e stêd wer oppakt wurde en sûnt 1999 hawwe mear as 300 bedriuwen en organisaasjes de bou mooglik makke. Jeften kamen ek fan goeddiedichheidsorganisaasjes en gewoane boargers.

Wylst de bou noch net foltôge wie, waard der yn 2003 al in earste tsjinst fierd. Tsjin 'e ein fan dat jier wie it measte oan 'e bou klear, mar binnendoar gyng it wurk noch fierder mei it beskilderjen fan 'e tsjerke. Yn 'e planning gyng men der fan út dat de konsekraasje fan 'e tsjerke yn 'e simmer fan 2004 wêze koe, mar op 10 desimber 2003 ûntstie der brân, wêrtroch de ikonostaze, it skilderwurk fan 'e sintrale koepel en it alter skea oprûnen. Nettsjinsteande dy tebekslach, slagge it dochs om tagelyk mei de fiering van it 75-jierrich bestean fan 'e stêd op 16 july 2004 de tsjerke te konsekrearjen.

Op 1 july 2005 waard de tsjerke nochris konsekrearre troch de metropolyt fan it bisdom Kalûga en Borovsk. Nei de seremoanje joech de biskop in ikoan fan Us Leaffrou fan Vladimir oan 'e tsjerke en rikke hy ûnderskiedings út oan dyjingen, dy't de bou fan 'e tsjerke foar in grut part mooglik makke hiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Свято-Вознесенский собор (Магнитогорск)