Hillich Krústsjerke (Rostov oan de Don)

Ut Wikipedy
Hillich Krústsjerke

Церковь Святого Креста

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Rostov
plak Rostov oan de Don
koördinaten 47° 17' N 39° 43' E
Arsjitektuer
boujier 1786—1792
boustyl Klassisisme
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 611510279270046
Kaart
Hillich Krústsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Hillich Krústsjerke

De Tsjerke fan it Hillich Krús (Russysk: Церковь Святого Креста; Armeensk: Սուրբ Խաչ Surb Chatsj) is in Armeensk-otterdokse tsjerke út de 18e iuw yn Rostov oan de Don, Ruslân. De tsjerke waard yn it doedestiidske Nor Nachitsjevan boud, letter in stedswyk fan Rostov oan 'e Don, foar de Armeenske kolonisten út de Krim. Oarspronklik wie de tsjerke it sintrum fan in kleaster, dat ta oantinken oan it Armeenske Hillich Krúskleaster op 'e Krim oprjochte wie. It is hjoed-de-dei it âldste noch bewarre gebou fan Rostov oan 'e Don. De Hillich Krústsjerke waard boud yn klassistyske styl.

De tsjerke mei dêrom hinne in stiennen ôffreding wurdt omfieme troch in park en stiet op in hege lokaasje oan 'e rjochter kant fan in noardlike ôftakking fan 'e Temernik. Under de heuvel dêr't de tsjerke op stiet is oan 'e eastlike kant fan 'e stiennen trep in boarne. It wetter fan 'e boarne wurdt opfongen yn in bassin, dêr't de Epifany fierd wurdt mei de ûnderdompeling yn it wetter.

De Armenen namen yn 'e 18e iuw fan it Hillich Krúskleaster op 'e Krim in 6e-iuwsk chatsjkar (in krússtien) mei nei Nor Nachitsjevan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke mei de doe noch besteande klokketoer op in foto fan 1900-1917).

Mei de bou fan 'e tsjerke en it kleaster waard begûn yn 'e jierren 1780. Nei in boutiid fan seis jier koe de tsjerke ynwijd wurde. Yn 1862 waard de tsjerke ferboud en by de westlike gevel fan 'e tsjerke kaam in frijsteande klokketoer te stean, dy't net bewarre bleaun is en yn 'e 20e iuw ferlern gyng. Eastlik fan 'e tsjerke stie in twa ferdjippings tellend gebou foar de biskop, dêr't ek in skoalle, in seminaarje, de earste printerij fan Súd-Ruslân en in bibleteek yn ûnderbrocht wie. Dat biskoplike gebou bleau likemin bewarre. Foar de Oktoberrevolúsje hearde by it kleaster ek noch ûngefear 50 hektare lân, dat foar boulân en kwekerijen ferhierd waard.

Nei de revolúsje waard it kleaster sletten en krigen de kleastergebouwen de funksje fan weeshûs. De tsjerke bleau noch iepen oant 1931. Nei de sluting fan 'e tsjerke waard it gebou oan in sovchoz tawiisd, dy't de tsjerke as nôtskuorre brûkte. Yn 1935 gyng de klokketoer ferlern en om 'e selde tiid hinne ek de kleastergebouwen.

Yn 'e midden fan 'e jierren 1960 wie de tsjerke sa fertutearzge, dat der oan ôfbraak tocht waard. De skilder Martiros Sarian, dy't oarspronklik út Nor Nachitsjevan kaam en him letter nei wenjen setten hie yn 'e Armeenske Sosjalistyske Sovjetrepublyk, loek him it lot fan 'e tsjerke oan en sa waard tefoarren kommen dat de ôfbraak troch gyng. Tusken 1968 en 1972 waard de tsjerke restaurearre en dêrnei waard der it Museum fan Russysk-Armeenske Freonskip iepene. It bleau sûnt in museum, mar yn maart 2007 naam de oerheid it beslút dat de tsjerke oerdroegen wurde moast oan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke

Op 8 septimber 2008 wijde Karekin II, de katolikos fan alle Armenen, de tsjerke wer yn.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Сурб Хач (Ростов-на-Дону)