Hillich Krús kleaster (Poltava)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Hillich Krús kleaster

Хрестовоздвиженський жіночий монастир

Свя́то-Хрестовоздви́женський жіно́чий монасти́р розташований у Полтаві, заснований у XVII ст.jpg
lokaasje
lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
oblast Flag of Poltava Oblast.svg Poltava
plak Flag of Poltava.svg Poltava
adres Vûlytsa Pajisya Velytskovskoho (вулиця Паїсія Величковського)
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 18e en 19e iuw
boustyl Barok
webside Side fan it bisdom

It Krúsferheffingskleaster of it Kleaster fan it Hillich Krús is in 17e-iuwsk otterdoksk kleaster yn Poltava yn de Oekraïne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard yn 1650 stifte nei't kozakken de troepen fan de poalske magnaten fersloegen en de stêd befrijden. Om dy oerwinning te betinken joech Sylvester Kosov, de metropolyt fan Kiëv, opdracht om op de mei iken begroeide berch oan de Vorskla-rivier in kleaster foar muontsen te bouwen. It kleaster ûntwikkele him as in wichtich edukatyf sintrum yn it suden fan it Kozakken-Hetmanaat. Fanwegen de ynspannings fan aartsbiskop Eugenios Voulgaris, in freon fan de ferljochter Voltaire en de eardere hôfbibliotekaris fan Katarina de Grutte, woeks de boekenkolleksje fan it kleaster út ta de grutste yn de omkriten.

It kleaster waard yn 1695 oerfallen en plondere troch de Krimtataren, dy't foar Poltava en oare stêden yn de Oekraïne in grutte pleach foarmen. De houten otterdokske kleasters wiene foar de Tataren oantreklike plakken om te plonderjen en nei't se it kleaster fan Poltava yn 1695 ôfbaarnden waard besletten it yn stien wer op te bouwen.

Krúsferheffingskatedraal

Wylst de nijbou fan it stiennen kleaster noch net foltôge wie, sloegen Sweedske troepen yn de simmer fan 1709 harren kamp op by it kleaster op en hûze kening Karel XII yn de ferbliuwen fan de muontsen yn it kleaster. Tsien dagen foar de grutte slach rekke de kening by in ynspeksje by it kleaster ferwûne oan syn foet troch in kûgel fan in Kozak.

De yn 1999 weropboude Trije-ienheidstsjerke

Nei't de Sweden ferslein waarden by de Slach by Poltava koe de katedraal foltôge wurde. Yn 1756 waard de barokke Krúsferheffingskatedraal ynwijd. De katedraal krige in ikonostaze fan de ferneamde houtfiker Sjalmatov; mar dy ikonstaze waard mei de ikoanen yn de Russyske Revolúsje fan 1917 ferneatige. Yn 1750 waard in twadde kleaster tsjerke tafoege; de Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid. De 45 meter hege klokketoer waard yn 1786 konsekrearre. De barokke en neoklassistyske toer hat oerienkomsten mei de klokketoer fan it Kiëvske Petsjersk-lavra. De bou fan in tredde tsjerke, de Sint-Simeontsjerke, folge yn de 19e iuw yn opdracht fan de hannelsman I.S. Kotelnikov ta neitins fan syn soan Simeon dy't in Poltava ferstoar.

Yn de jierren dy't folge op de revolúsje wiksele de macht yn Poltava ferskillende kearen en waard it kleaster ferskate kearen plondere. De iken bosken om it kleaster hinne waarden kapt en yn 1923 waard it troch de nije machthawwers sletten en oerdroegen oan in feriening foar spoarpersoniel. It kleaster krige dêrnei ferskillende funksjes. Under de nazy-besetting krigen nonnen tastimming om it kleaster wer te iepenjen en fanôf dy tiid wennen nonnen yn it kleaster, mar yn 1958 waard it kleaster troch de regionale Sovjet-autoriteiten op 'e nij sletten. De nonnen waarden yn oare kleasters ûnderbrocht of nei famylje stjoerd en de kristlike symboalen fan de gebouwen ferwidere.

Nei de fal fan de Sovjet-Uny waarden de gebouwen wer yn gebrûk nommen troch de Oekraynsk Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou). De yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige Trije-ienheidstsjerke waard yn 1999 wer opboud.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: