Hille Butter

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Hille Butter
High-contrast-camera-photo.svg model
Hille Butter om 1915 hinne
Hille Butter om 1915 hinne
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hillegond Butter
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 6 july 1891
berteplak Volendam
stoarn 1968
stjerplak Folendam

Hillegond (Hille) Butter (Volendam, 6 july 1891 – dêre, novimber 1968) wie in Nederlânsk skildersmodel, neffens keunstners yn har tiid it meast kreaze model fan Volendam.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hille of Hilletje Butter wie in dochter fan de fiskersfeint Cornelis Butter en Geertje Schilder. Se troude yn 1911 mei de seeman Evert Veerman, mei wa't hja in dochter en in soan krige. It pear gie útinoar yn 1925; faaks wie dat de earste offisjele skieding yn it doarp Volendam.

Sy gou as in selsstannige en belêzen frou, se lies trije kranten deis, mei in eigen biblioteek. Butter wurke by it hotel fan Leendert Spaander. Se krige yn it hotel en thús bestite fan ûnder oaren de skriuwer Frederik van Eeden,[1] prins Hendrik en ferskate keunstners. Dy lêste groep, ûnder wa't Max Cramer, Johan Gabriëlse, Willy Sluiter[2], Lammert van der Tonge[3] en Charles van Wijk wiene, leine har fêst op doek of yn stien, faak yn Volendamske dracht mei hul en bloedkoralen keatling. Ek figurearre se geregeldwei op Volendamske foto's en ansichtkaarten. Wurk mei har byltnis is ûnder mear te finen yn de keunstsamling fan hotel Spaander, it Waterlands Archief en by it Suderseemuseum.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frederik van Eeden (1915) "maandag 19 juli" yn Dagboek 1878-1923. Diel 3: 1911-1918 (ed. H.W. van Tricht). Culemborg: Tjeenk Willink-Noorduijn N.V.
  2. Portret (1905); portret (1914); portret (1915); portret (1917); portret (1921) fan Willy Sluiter by it RKD-Nederlands Instituut voor Kunstgeschiedenis.
  3. Hilletje Butter