Springe nei ynhâld

Hidra (eilân)

Ut Wikipedy
Hidra
doarpstsjerke fan Kirkehavn
doarpstsjerke fan Kirkehavn
polityk
soarte gebiet Eilân
lân   Noarwegen
Provinsje Agder
Gemeente Flekkefjord
grutste plak Kirkehavn
sifers
ynwennertal 530 (2016)
oerflak 20,4 km2
oar
tiidsône UTC+1
simmertiid UTC+2
Kaart
Hidra (Agder)
Hidra
Lizzing fan Hidra yn de provinsje Agder

Hidra is in eilân yn de gemeente Flekkefjord yn Agder mei sa'n 530 ynwenners yn 2016. De salmkweek is ekonomysk wichtich. Hidra is ek in populêre fakânsjebestimming. Hidra is in eilân yn de gemeente Flekkefjord yn Agder.

De âldst bekende namme foar it eilân is Hítr, letter is dit Hitterø. Hidra hat delsettings hân sûnt it stiennen tiidrek. Op 1 jannewaris 1965 waard de doetiidske gemeente Hidra, dat doe 1.277 ynwenners telde, yn ‘e mande mei Gyland, Nes en it grutste part fan de gemeente Bakke (útsein Øksendal), gearfoege ta de nije gemeente Flekkefjord. Yn 2007 betochten amtners fan de doetiidske provinsje Vest-Agder dat it in goed idee wêze soe om yn stee fan in oertocht mei de fearboat, in tunnel oan te lizzen nei it eilân. Mar yn 2013 waard it projekt ôfsein om't it te djoer wurde soe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: