Springe nei ynhâld

Het Nationale Dagblad

Ut Wikipedy
Foarside Het Nationale Dagblad fan 1 jannewaris 1941

Het Nationale Dagblad wie in Nederlânske krante, dy't tusken 1936 en 1945 troch de NSB útjûn waard, njonken it wykblêd Volk en Vaderland.

Op 1 oktober 1936 stelde yr. A.A. Mussert mr. M.M. Rost van Tonningen oan as haadredakteur (yn it nasjonaalsosjalistysk jargon fan doe hiet de funksje hoofdopsteller) fan it nije NSB-deiblêd. It earste nûmer ferskynde 2 novimber 1936 en it lêste nûmer waard 5 maaie 1945 makke. Op 24 oktober 1940 joech Mussert Rost van Tonningen dien. De beide persoanen akkordearren net, mar njonken dat hie Van Tonningen niget oan oare saken nei de ynfal fan de Dútskers. Hy waard opfolge troch J. Raatgever.

Yn 1936 hie Het Nationale Dagblad 20.000 abonnees en op 31 desimber 1939 wiene dat noch 10.211. It tal abonnees bleau sakjen nei de Dútske ynfal fan maaie 1940: oan de ein fan de moanne hie de krante noch mar sa'n 4000 abonnees. Dêrnei zette de ommekeer in en boaske it ledetal oan. Oktober 1940 hie de krant 17.000 abonnees, yn de rin fan 1941 waard dat 20.000, yn july 1943 27.247 en maart 1944 wiene der 26.838 abonnees.

De krant hie foar de oarloch geregeldwei te meitsjen mei tsjinwurking fan de Nederlânske oerheid. Sa kaam it dat de krant al yn 1936 op de list fan foar militêren ferbeane blêden te lâne. 10 maaie 1940 ier en betiid waard de krant in ferskiningsferbod oplein fan generaal Winkelman. Op 17 maaie 1940 ferskynde de krant fannijs.

Nei de befrijding waarden de measte meidoggers fan Het Nationale Dagblad fan de Kommissy foar de Parsesuvering foar 20 jier út harren funksje set. Haadredakteur Raatgever krige dêrnjonken noch 18 jier finzenisstraf oplein.

Oant 2023 mei in Nederlânske krante de namme Het Nationale Dagblad net fiere, fanwege in rjochterlike fêststelling yn 1948.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]