Springe nei ynhâld

Hessel Rienks

Ut Wikipedy
Hessel Rienks (1977)

Hessel Rienks (Weidum, 4 maart 1932 - Swol, 23 desimber 2014) wie in Nederlânsk politikus fan Frysk komôf út namme fan de PfdA.

Nei de hbs foltôge Rienks yn 1957 syn akademyske stúdzje ekonomy oan de Gemeentlike Universiteit fan Amsterdam.

Rienks wurke oant 1974 as direksje-assistint by in gemysk bedriuw en as haad ekonomyske ôfdieling by de gemeente Swol. Ek wie er foarsitter fan de PfdA yn Oerisel.

Yn 1974 waard Rienks lid fan de Twadde Keamer. Yn de Twadde Keamer wie er ûnder mear dwaande mei finânsjes legere oerheden, binnenlânske saken, ekonomyske saken (benammen regionaal-ekonomysk belied), romtlike oardening, ferkeer en loftfeart. Tegearre mei PfdA-er Frits Castricum pleite er foar de oanlis fan de Hânzeline. Fan 1977 oant 1989 wie Rienks lid en foarsitter fan de Boubegeliedingskommissy fan de Twadde Keamer. Dêrneist wie er tuskentiidsk foarsitter fan fjouwer oare kommissys, dêr't de fêste kommissys foar Binnenlânske Saken en Ferkear en Wettersteat, en ûnderfoarsitter foar de kommissy foar Ferkear en Wettersteat by wiene. Yn septimber 1989 ferliet Rienks de Twadde Keamer.

Fan septimber 1989 oant 1992 wie Rienks direkteur fan it Ynstitút Syktekostefoarsjenning Amtners yn Oerisel en Flevolân.

Op 29 april 1987 waard Rienks beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • parlement.com