Hessel Hermana

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hessel Hermana wie in figuer út in sêge dy't ferhellet oer de skiednis fan Fryslân. Fan syn bestean binne gjin boarnen of bewizen.

Ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sêge seit oer him en syn tiid it neifolgjende: Hermana út Seisbierrum (keazen 869- ûngefear 876) soe de fjirde potestaat fan Fryslân west hawwe, de opfolger fan Adelbrik Adelen.

Yn 876 kamen de Denen ûnder lieding fan Rudolf Haraldsson yn Eastergoa om mei geweld danegeld te foarderjen. Dy Denen wienen op weromreis fan Frankryk. Der folge in slach mei de binde fan 800 "Noarmannen" wêrby't goed 500 Denen op it slachfjild sneuvelen. Rudolf Haraldsson sneuvele ek en de Friezen wûnen, mar Hessel sels kaam ek om it libben. Hy waard opfolge troch de fiifde potestaat, Igo Galema

Syn famyljewapen hat twa Fryske Heale Earnen, yn dy tiid waarden noch gjin "wapens" fierd, mar wol banieren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens: