Hero Galama
Hero Galama (? - 1680) wie boekdrukker fan de Admiraliteit en de stêd Harns fan 1660 oant 1678.
Doe't yn 1657 de twadde útjefte fan de dichtbondel Klioos Kraam ferskynde, wie hy noch net sa âld, omt de dichter Jacob Lescaille (1611–1679) him dêryn noch in jongeling neamt. Hy wie in Frysk ealman, kommend út in âld laach, mar hy hantearre it ridderswurd fan syn foarâlden sa leaf net as de parse. As drukker makke hy him fertsjinstlik troch de folsleine útjefte yn 4o fan Jan de Brune de Jonge syn Wetsteen der vernuften yn 1672, neidat hy al trije eardere mar minder folsleine útjeften (1661 yn 8o, 1665 yn 4o, 1668 yn 4o) besoarge hie.
Gysbert Japiks fan Boalsert neamde him syn freon. En hy is faaks de ienige, dy't Gysbert yn it iepenbier lof taswaaid hat, nammentlik yn in fers, dat te finen is yn Uytgelesene Engelsche Boetpredikatien (Boalsert 1661) III. Hy waard beïerige foar de toer yn Harns, dêr't as grêfskrift te lêzen stie: De drukker Galama tot rust koos deze sté. Hij minde vrijheid, kunst, gerechtigheid en vré.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|