Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Eastersee)

Ut Wikipedy
Martinustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Eastersee
adres Buorren 29
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1860
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 25785

De Herfoarme tsjerke fan Eastersee is in neoklassisistysk tsjerkegebou oan de Buorren 29 yn Eastersee. It gebou waard fanwegen de weromrinnende tsjerkegong ôfstjitten en ferkocht. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis en beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De toerkoepel fan de tsjerke fan Eastersee

De herfoarme tsjerke fan Eastersee waard yn 1860as wettersteatstsjerke boud en ferfong in tsjerke út de 12e- of de 13e iuw. De tsjerke stiet oan de eastside fan it doarp mei in wat heger lizzend tsjerkhôf der by, dat oan trije siden begrinze wurdt troch sleatten. Oan de foarkant is in tagongsstek fan smei- en getten izer, wêrfan't de stekpeallen dekorearre binne mei pynappels. De foarside fan de tsjerke hat in kenmerkende neoklassisistyske foarm, mei fjouwer pylders, in kapiteel en bekroand mei in fronton mei in healrûn finster. Oan beide kanten fan de tagongsdoar steane twa pylders mei in fronton der boppe-op. Boppe de doar sit in rûn finster. Oan wjersiden fan de doar twa spitsbôgige finsters. Alle finsters hawwe in trasearring fan getten izer. Rjochtboppe it fronton fan de foargevel is in klokketoer mei spitsbôgige galmgatten. Yn de toer hinget in klok, dy't yn 1498 getten waard troch Gerardus van Wou. It oerwurk yn de toer is fan 1602. Op de wizerplaten stiet it boujier fan de tsjerke, 1860. De toer wurdt bekroane mei in achtkantige, iepenwurke houten koepel op acht pylders.

It ynterieur komt foar it meastepart út de bouperioade van de tsjerke.

De tsjerke mei tsjerkhôf en tagongsstek binne erkend as ryksmonumint ûnder mear om de âlderdom, de arsjitektoanyske foarmjouwing, weardefolle ûnderdielen fan it ynterieur en de markante lizzing.

Iuwenlang hat Eastersee in eigen tsjerke hân. Dêr kaam fanwegen it ôfnimmende tal tsjerkegongers yn 2011 in ein oan. De gemeente moast de tsjerke foar € 285.000,00 yn de ferkeap dwaan.[1] It gebou waard ferkocht oan immen út Amsterdam, dy't it ferbouwe sil ta wenhûs.[2] Tsjerklik meitsje de protestanten fan Eastersee no diel út fan de PKN-gemeente Ychtenbrêge-Eastersee.[3]

De âlde Steatebibel fan de tsjerke waard nei de sluting oan de Friezetsjerke yn Rome oanbean.[4]

It oargel waard yn 1891 troch de Ljouwerter oargelbouwer, de firma L. van Dam en Soannen. Oarspronklik wie dit oargel bedoeld foar de herfoarme tsjerke yn it Siuwske Biezelinge. Yn 1909 waard it oargel oerbrocht nei Eastersee.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: