Herbarium Frisicum
Herbarium Frisicum is in spesjale kolleksje droege planten, dy't ûnderbrocht is yn in stifting, fêstige te Wolvegea. It herbarium waard oprjochte yn 1979 troch Karst Meijer en befettet mear as 150.000 eksimplaren en is dêrmei ien fan de grutste partikuliere kolleksjes fan droege planten yn Europa.
Doelen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Herbarium Frisicum is net allinnich in samling planten, mar ek in sintrum foar botanysk ûndersyk en ûnderwiis. Dat bart troch it sammeljen fan droege plantekolleksjes. Der wurde geregeld eveneminten en lêzingen organisearre om kennis te dielen oer planten en har behâld. Sa kin in bydrage levere wurde oan wittenskiplik ûndersyk. Troch de kennis oer te dragen wurdt in bydrage levere oan kultureel bewustwêzen. It herbarium is tagonklik foar besikers en kin troch biologystudinten brûkt wurde foar ûndersyk. De ûntwikkeling fan dit herbarium is in grutte ympuls foar it tanimmen fan kennis oer biodiversiteit fan de plantewrâld.[1]
Kolleksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om yn de kolleksje opnommen te wurden, moat oan minimale easken foldien wurde. It wichtichste is dat dúdlik dokumintearre is wêr en wannear't de planten sammele binne. De kolleksje bestiet neist droege planten ek in 'wiete' kolleksje fan planten op sterk wetter. De kolleksje omfettet moassen, koarstmoassen en ferskate bysûndere herbariums. Underdiel fan de kolleksje binne wrâldferneamde âlde herbaria, lykas it Joadske Herbarium, it Seewierherbarium en it Apteekherbarium. It âldste herbarium is it Marineherbarium út 1854.
Troch de ferbettere dna-techniken kin tsjintwurdich dna-materiaal út droege planten helle wurde. Dêrtroch is it herbarium ek in bewarplak fan dna wurden wêrmei't soarten mooglik wer yntrodusearre wurde kinne. Sa binne sa'n hûndert Fryske kultuerplanten yn syn herbarium opnommen. It giet dan ek om fjirtich soarten Fryske jirpels, dy't taheakke binne oan de 'wiete' kolleksje. De kolleksje komt meastentiids fan partikulieren, mar ek universitêre kolleksjes fan droege planten geane nei Wolvegea. Sa kaam ein 2019 in spesjale kolleksje ierappelsoarten fan de Radboud Universiteit Nymwegen.[2]
In diel fan it Herbarium Frisicum is yn 2020 oerdroegen oan it Frysk Lânboumuseum. [3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|