Henry Vandyke Carter
Henry Vandyke Carter (Hull, 22 maaie 1831 - Scarborough, 4 maaie 1897) wie in Ingelsk anatoom, sjirurch en anatomysk tekener. Hy is it meast bekend fan syn yllustraasjes fan Gray's Anatomy.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Henry Vandyke Carter wie de âldste fan keunstner Henry Barlow Carter. Hy gie nei de Hull Grammar School ear't er medysk ûnderrjocht krige oan St George's Hospital yn Londen. Juny 1853 waard Carter studint anatomy oan it Royal College of Surgeons, dêr't er oparbeide mei Richard Owen en John Thomas Quekett. Desimber 1854 krige er syn Bachelor's of Medicine-graad oan de Universiteit fan Londen.
Hy gie 1852 oan 't wurk foar Henry Gray en oaren en yn 1856-1857 makke er de yllustraasjes foar it no ferneamde anatomyboek Gray's Anatomy. Yn dy snuorje promovearre er ek ta Doktor yn de Medesinen oan de Universiteit fan Londen. De útjouwers fan de earste edysje fan Gray's woene dat Carter mei-auteur waard meidat syn yllustraasjes like wichtich as de tekst wiene, mar Gray woe dat net hawwe.
Yn 1858 gie Carter by de Indian Medical Service en ferfear nei Bombay dêr't er heechlearaar anatomy waard by Grant Medical College and Sir Jamshedjee Jeejeebhoy Group of Hospitals. Hy bleau yn Bombay oant syn pinsjoen yn 1888, wêrnei't er werom gie nei Scarborough om tichteby syn suster Lily te wenjen.
Carter waard "Honorary Deputy Surgeon-General and Honorary Surgeon to the Queen" doe't er mei pinsjoen wie. Hy stoar oan tuberkuloaze yn Scarborough.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- HenryVandykeCarter.com, oer Carter en syn wurk
- Henry Gray's Anatomy, descriptive and surgical, mei tekeningen fan H. V. Carter, earste Amerikaanske edysje (Filadelfia, 1859)
- Richardson, Ruth (2008). Gray's anatomy descriptive and surgical: a notable anniversary
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|