Springe nei ynhâld

Henry Thomas (bluesmuzikant)

Ut Wikipedy
Henry Thomas (bluesmuzikant)
sjonger en/of muzikant
Henry Thomas, 1921
Henry Thomas, 1921
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne1874
berteplakBig Sandy (Teksas)
stoarn1930
etnisiteitAfro-Amerikaansk
wurkpaad
sjenreCountry blues, ragtime, gospel
sjongtaalIngelsk
ynstrumintAkoestyske gitaar
grutste hit(s)Bull Doze Blues/Going Up The Country, Don’t Ease Me In

Henry Thomas (1874-1930?) wie in Amerikaanske country bluessjonger en muzikant. Hoewol't syn platekarriêre oan de ein fan de jierren 1920 koart wie, beynfloede Thomas artysten as Bob Dylan, Taj Mahal, The Lovin' Spoonful, The Grateful Dead en Canned Heat. Thomas syn styl, dy't faak omskreaun wurdt as Ragtime Texas, is in ier foarbyld fan wat letter bekend waard as Texas blues-gitaar.

Thomas waard berne yn in húshâlding fan befrijde slaven yn Big Sandy, Texas, yn 1874. Nei't er yn syn tsienerjierren it hûs út gien wie begûn as swalker by de spoarlinen fan Texas del te reizgjen. Uteinlik fertsjinne er syn brea as rûnreizgjende sjonger, dy't sawol de lokale befolking as spoarweiarbeiders ferdivedearre.

Hy naam tusken 1927 en 1929 24 nûmers op foar Vocalion Records, dêr't 23 fan útbrocht waarden. Se befetsje reels, gospelsongs, minstrel songs, ragtimenûmers en blues. Njonken gitaar spile Thomas op quills, in folksynstrumint makke fan reid dêr't it lûd fan ferlykber is mei de zampona (panfluit) dêr't muzikanten yn Perû en Bolivia op spylje. Thomas syn styl fan gitaarspyljen wie wierskynlik ôflaat fan banjo-picking-stilen.

Syn libben en karriêre nei syn lêste opnamen yn 1929 binne net beskreaun. Hoewol't de bluessaakkundige Mack McCormick ferklearre dat er yn 1949 yn Houston in man seach dy 't foldie oan Thomas syn beskriuwing, wolle de measte biografen hawwe dat Thomas stoar yn 1930, doe't er 55 of 56 jier âld west hawwe soe.

Plate-opnames foar Vocalion Records

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
PublikaasjejierA-kantB-kantOpnamedatumLabel, nr.OpnameplakYnstruminten
1927John HenryCottonfield Blues1927-07-05Vocalion 1094Chicagofokaal, gitaar, quills
1927The Fox and the HoundsRed River Blues1927-10-05Vocalion 1137Chicagofok, git, quills
1927The Little Red CabooseBob McKinney1927-10-05Vocalion 1138Chicagofok, git, quills
1927Shanty BluesWoodhouse Blues1927-10-07Vocalion 1139Chicagofok, git
1927Jonah in the WildernessWhen the Train Comes Along1927-10-07Vocalion 1140Chicagofok, git
1927Honey, Won't You Allow Me One More ChanceRun, Mollie, Run1927-10-07Vocalion 1141Chicagofok, git, quills
1928Don’t Ease Me InTexas Easy Street Blues1928-06-13Vocalion 1197Chicagofok, git
1928Bull-Doze BluesOld Country Stomp1928-06-13Vocalion 1230Chicagofok, git, quills
1928Texas Worried BluesFishing Blues1928-06-13Vocalion 1249Chicagofok, git, quills
1928ArkansasGeorgia Tom and Tampa Red, Lonesome Man Blues1927-07-01Vocalion 1286fok, git
1929Railroadin' SomeDon’t Leave Me Here1929-10-07Vocalion 1443Chicagofok, git, quills
1929Charmin' BetsyLovin' Babe1929-10-07Vocalion 1468Chicagofok, git, quills

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: