Henry Scheffer

Ut Wikipedy
Henry Scheffer
Foto:Pierre Petit

Henry Scheffer[1] (De Haach, 25 septimber 1798Parys, 15 maart 1862) wie in Nederlânsk keunstskilder dy't yn Frankryk wurke.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Scheffer wie in soan fan portretskilder Johan Bernard Scheffer (1765-1809) en de Doardtske miniatuerskilder Cornelia Lamme (1769-1839). Dochter Cornélie Scheffer boaske oan de Frânske filosoof Ernest Renan.

Scheffer kaam as tsiender by syn mem yn te wenjen yn Parys. Dêr waard er, krektlyk as syn broer Ary Scheffer, learling fan Pierre-Narcisse Guérin. Fan 1824 ôf eksposearre Scheffer by de Paryske salon. Hy makke sjenrestikken en portretten. Syn wurk wie technysk sterk, mar helle net - mei troch in flak gebrûk fan kleuren - it nivo fan syn broer. Hy joech les oan ûnder oaren syn neef Arie Johannes Lamme. In jier foar syn ferstjerren krige Scheffer in jierjild fan it Frânsk regear takend.

Scheffer stoar yn de âldens fan 63 jier.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ek wol Hendrik Scheffer en Henri Scheffer neamd.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Henry Scheffer fan Wikimedia Commons.