Henk Zoetendal
Henk Zoetendal | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Henk Zoetendal | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 11 augustus 1941 | |
berteplak | De Jouwer | |
stjerdatum | 5 jannewaris 2024 | |
stjerplak | De Jouwer | |
etnisiteit | Frysk |
Henk Zoetendal (De Jouwer, 11 augustus 1941 - De Jouwer, 5 jannewaris 2024[1]) wie in Fryske fuotballer dy't foaral as mid-mid op it middenfjild spile.[2]
Mei syn lingte fan 1.90 meter wie hy faak gefaarlik foar de goal. Henk Zoetendal fuotballe earst by De Jouwer en fan 1962 oant 1966 by GVAV út Grins. Yn it seizoen 1971 - 1972 spile hy foar fuotbalklup It Hearrenfean. Doe't AZ'67 nei de earedivyzje promovearre kocht dy feriening Henk Zoetendal, en tagelyk ek Kees Kist. It seizoen 1972-1973 waard yn Alkmaar lykwols gjin súkses, trochdat hy slim blesseard rekke mei útskuorde knibbelbannen. Yn 1973-1974 spile hy dan ek wer foar It Hearrenfean.[3] Nei syn karriêre yn it betelle fuotbal spile Zoetendal noch seis jier foar De Jouwer. Dêr wie hy ek jeugdtrener.[4]
Mei syn frou Tineke hied er mear as tweintich jier in sportsaak op De Jouwer. Henk Zoetendal ferstoar begjin jannewaris 2024 yn yn 'e aldens fan 82 jier.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |