Sibe van Aangium
Sibe van Aangium | ||
skriuwer | ||
Hendrik Steen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrik Steen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 novimber 1895 | |
berteplak | Eanjum | |
stoarn | 12 septimber 1953 | |
stjerplak | Haren (Grinslân) | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Jeugdboek, histoaryske roman | |
streaming | Kristlik-moralistysk | |
bekendste wurk(en) |
Hotse Hiddes-trilogy Smokkelaars van de Schans-trilogy |
Sibe van Aangium (Eanjum, 21 novimber 1895 - Haren, 12 septimber 1953) wie de skriuwersnamme fan dûmny Hendrik Steen.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hendrik Steen wie in soan fan timmerman Gerrit Steen en Trijntje Feninga. Nei de legere skoalle wurke er ynearsten by syn heit, mar hy woe studearje, it leafst medisinen. Syn âlden woene lykwols perfoast hawwe dat er teology studearre.[1]
Doe't er 19 wie gie er nei it Kristlik Gymnasium yn Kampen en dêrnei studearre er teology oan de Teologyske Hegeskoalle yn itselde plak. Hy ferfolge syn stúdzje oan de Frije Universiteit yn Amsterdam, en promovearre yn 1937 oan de universiteit fan Münster mei it proefskrift Das Leib-Seele-Problem in der Philosophie Hollands.
Hy stie as grifformeard dûmny yn Sâltkamp (1922-1926), De Helder (1926-1928) en Andyk (1928-1942), yn 1951 gie er mei emeritaat; hy wie doe noch mar 56 jier. Skiednis hie er in protte nocht en niget oan. Yn 1931 waard syn Uit fel bewogen dagen. Geschiedenis van de Doleantie in Anjum publisearre.
Hy hat ferskate teologyske wurken publisearre, mar lanlik wie er bekend as Sibe van Aangium, skriuwer fan aventoereboeken foar de jongerein. De haadfigueren yn syn ferhalen kamen fan Eanjum en omkriten en belibben harren aventoeren yn histoarysk wichtige perioaden as de Tachtichjierrige oarloch, Frânske tiid, Belgyske Opstân en Twadde Wrâldoarloch. It bekendst binne de Hotse Hiddes-trilogy, de Smokkelaars van de Schans-trilogy en de Zwarte Mus-trilogy, dy't hieltyd noch lêzen wurde. It fúljeton Sjouk van Holdinge ferskynde yn it Frysk Deiblêd en is as iennichste foar folwoeksenen skreaun.
Syn wurk is kristlik-moralistysk fan karakter: de striid tusken goed en kwea, leafde foar jins neisten, fermoedsoenjend foar jins fijannen oer, it binne de tema's fan al syn boeken.
Hendrik Steen boaske yn 1922 mei Johanna Jantina Apol (1895-1991). Sy krigen 11 bern dêr't acht fan folwoeksen waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|