Hendrik Pyttersen Tzn.
Appearance
Hendrik Pyttersen Tjeerdsoan (Nijehaske, 24 maaie 1845 - Arnhim, 10 septimber 1919) wie in Nederlânsk politikus.
Pyttersen wie in liberale predikantssoan dy't yn 1891 fia it reade distrikt Skoatterlân yn de Twadde Keamer kaam. Foar dat er de polityk yngie wie er boekhanneler en útjouwer yn Snits (ûnder oaren joech er in bekende almenak út, Pyttersen's Nederlandse Almanak). As Keamerlid pleite er foar bettere arbeidsomstannichheden. Hy tsjinne in inisjatyffoarstel yn dat ferbettering fan de arbeidstastannen yn bakkerijen foarstie. Hy late yn 1896-1897 de Club-Pyttersen fan foarútstribjende liberalen dy't de Kieswet fan Van Houten steunden, hoewol't dy gjin algemien manljuskiesrjocht brocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|