Springe nei ynhâld

Hendrik Cannegieter

Ut Wikipedy

Hendrik Cannegieter (Steinfurt, 24 febrewaris 1691 - Arnhim, 21 augustus 1770) wie in foaroansteand klassikus en histoarikus. Syn wichtichste bydrage as taalkundige is syn publikaasje fan de Fabels fan de Romeinske skriuwer Flavius Avianus en as histoarikus fertsjinne er syn spoaren mei de útjefte fan it tredde part fan it Geldersch Placaetboek. Dochs is er it meast bekend wurden troch syn Dissertatio de Brittenburgo (Dissertaasje oer de Brittenburg), dêr't er yn stelt dat de Brittenburg net in Romeinsk wapenhûs (armamentarium) west hat, sa at Hadrianus Junius yn 1588 hawwe woe en letter troch oaren oernaam wie.

Hendrik Cannegieter waard op 17 septimber 1710 studint oan de Universiteit fan Leien. Nei syn stúdzje waard er konrektor oan de Latynske skoalle fan Arnhim (1714) en letter rektor (1720). Cannegieter hat in soad publisearre en hy pykte der út wat syn kennis fan klassike literatuer en niget oan âldheden oanbelange. Leafst fjouwer hegeskoallen (Hurderwyk, Frjentsjer, Grins en Utert) hawwe him it professoraat oanbean, mar Cannegieter gie dêr net op yn. Wol woe er doctor yn de Rjochten honoris causae oan de Universiteit fan Hurderwyk wêze en ek akseptearre er de beneaming ta skiedskriuwer troch de Steaten fan Gelderlân. Yn dy lêste funksje hie er de taak om it tredde diel fan it Groot Geldersch Placaetboek te skriuwen. Cannegieter wie lid fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde. Yn 1746 waard er troch Gerard van Loon ynskeakele om nei te gean as it troch Dumbar brûkte manuskript foar syn útjefte fan de falske Rymkronyk fan Klaas Kolijn identyk wie oan it hânskrift fan Cornelis van Alkemade; dit wie by gelegenheid fan in feiling fan de kolleksje fan Gerhard Dumbar Sr.. By Cannegieters dea yn 1770 wie in protte wurk publikaasje ree, mar noch net útjûn. In part waard postúm noch útjûn.

Op de bibleteek fan de KNAW te Amsterdam wurdt in kopy bewarre fan syn hânskrift Domburgsche oudheden. Dit wie ornearre om útjûn te wurden mei platen nei tekeningen fan Hendrik van Schuylenburgh fan Romeinske foarwerpen, dy't yn 1647 fûn wienen, mar foar it grutste part ferlern gien wiene yn 1848 by in brân yn de tsjerke fan Domburg.

Wurk yn it Latyn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1731 Fabulae Flavii Aviani, Amsterdam, 1731 (lêste útjefte: Osnabrück, Biblio 1976).
  • 1734 Henrici Cannegieteri Dissertatio de Brittenburgo, Matribus Brittis, Britannica Herba, Brittia Procopio Memorata, Britannorumque Antiquissima Per Galliam Et Germaniam Sedibus, De Haach, 1734
  • 1737 Jacobus de Wilde; Hendrik CannegieterGemmae selectae antiquae e museo Jacobi de Wilde, sive L. Tabulae Diis Deabusque Gentilium ornatae, per possessorem conjecturis, veterumque poetarum carminibus illustratae, 16 maaie 1737
  • 1758 De mutata Romanorum nominum sub principibus ratione liber singularis... nec non Trebelli Pollionis negligéntia castigata. Monumentum Dodenwerdense expositum; item Postumus Bataviae adsertor..., Utert, G. & G.H. Kroon, 1758
  • 1764 De gemma Bentinckiana; item de Iside ad Turnacum inventa; necnon de dea Burorina, Utert, 1764.
  • 1766 Epistula ad illustrissimum comitem Ottonem Fridericum de Lynden de ara ad Noviomagum Gelriae reperta aliisque inscriptionibus nuper effossis, Arnhim 1766
  • 1896 De Formis, quae dicuntur futuri exacti et comjunctivi perfecti formae syncopatae in-so-sime, dissertatio litteraria inauguralis, quam... in Academia Rheno-Trajectina... examini proponet Hendrik Cannegieter., (edysje C.H.E. Breyer, 1896).

Wurk yn it Nederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1740 Groot Geldersch Placaetboek, Arnhim 1740.
  • 1757 Eerste brief over bijzondere Nederlandsche oudheden: over den grafkelder bij Anlo, de zoogenaamde donderbeitels en vrouw Jacoba's kannetjes, Arnhim, 1757.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is oerset fan Wikipedia Nl:, Hendrik Cannegieter