Springe nei ynhâld

Hellenisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hellenistyske wrâld)

Hellenisme is in begryp dat sawol brûkt wurdt foar in tiidrek yn de skiednis as foar in type beskaving. It wurdt is ôflaat fan 'Hellas', ynearst de namme foar in part fan Tessaalje yn it Alde Grikelân, letter foar hiel Grikelân. Mei 'hellenisearring' wurdt ek wol 'fergryksing' bedoeld. It wurdt Helleen betsjut troch it foarheaksel ἑλ (hel) "fel ljocht" of "ferljocht". It is besibbe oan it wurd helios ("sinne") en elektron (dat "amber" betsjutte). Neffens de Grykske mytology stammen de Hellenen ôf fan Ellyn (Ἕλλην), soan fan Deukalion (Δευκαλίων) en Pyrra (Πύῤῥα).

De Dútske histoarikus professor Johann G. Droysen (1808-1884) wie de earste dy't it begryp 'hellenisme' brûkte. Ynearsten waard dêrmei oantsjutte de beynfloeding fan in oare beskaving troch de Grykske beskaving, sûnder dat de oare kultuer folslein oernommen wurdt. Letter waard it fermingen troch de Grykske en easterske beskaving dermei oantsjutte. It hellenisme hat fan bliuwende betsjutting west foar de westerske beskaving.

It Hellenistyske tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ryk fan Aleksander de Grutte by syn dea.

It tiidrek dêr't it hellenisme yn oerhearske sette útein nei de oermasteringen fan Aleksander de Grutte, dy't nei it easten en suden in grut ryk stifte (sa. 334 - 323 f.Kr.) dat foar it meastepart bestie út it eardere Perzyske Ryk en dêr't de Grykske taal de lingua franca yn waard; fan Masedoanje oant yn Egypte en fan Súd-Itaalje oant it noardwesten fan Ynje waard it saneamde koinè-Gryksk sprutsen, wat "algemien Gryksk" betsjut. De foarnaamste riken yn it hellenistysk kultuergebiet wienen it ryk fan de Seleusiden yn Syrje en dat fan de Ptolemaejers yn Egypte. As ein wurdt de Romeinske ferovering, yn it bysûnder fan Aleksanderje, sjoen yn (30 f.Kr.), al bleau it Gryksk ek dêrnei yn de eastlike helte fan it Romeinske Ryk de oerhearskjende taal. Hoewol't de eigen polityk fan de hellenistyske keninkriken einige wie, wie it hellenisme yntusken de oerhearskjende kultuer wurden fan de bestjoerlike elite fan it Romeinske Ryk. Sein wurde kin dat de Romeinen de Griken polityk oerwûn hawwe, wylst tagelyk de Griken de Romeinen kultureel oerwûn hawwe troch middel fan it hellenisme.

Hellenistyske ynfloeden komme foar yn handel en ferkear, literatuer, wittenskip, filosofy en de keunst, wêrûnder boukeunst en byldhoukeunst. Kenmerken fan it hellenisme wienen, útsein it eardere beskreaune synkretisme, ûnder mear ynternationalisearring (ûnder mear yn handel en ferkear), systematisearring (stêdebou), realisme (algemien yn de keunst) en yndividualisme (portretkeunst).

Eigenskippen fan hellenisme yn keunst binne realisme, soad ekspresje, protte beweging fia diagonale linen. Hellenisme wurdt faker karakterisearre troch antroposintrisme dan troch teosintrisme.