Heipealhâlding
De heipealhâlding, ek wol bekend ûnder de Ingelske beneaming piledriverhâlding, is in sekshâlding dy't ferneamd is nei de rjocht omleech geande beweging fan in heipeal dy't troch in heimasine yn 'e grûn slein wurdt. By dizze posysje giet de frou op 'e rêch op 'e flier of op bêd lizzen om dan de skonken oer de holle hinne te bûgen, sadat de it efterwurk los komt fan 'e grûn of it bêd en úteinlik rjocht omheech wiist. Dizze lichemshâlding is makliker te behâlden as men earne mei de ûnderrêch tsjinoan leit, lykas in kjessen. De man giet oer syn partner hinne stean en lit him sakje oant er har rjocht omleech penetrearje kin.
Ornaris wiist de foarkant fan it lichem fan 'e man deselde rjochting út as dêr't de holle fan 'e frou hinne leit, sadat de beide sekspartners ûnder it hawwen fan seks eachkontakt meitsje kinne. It is ek mooglik om 'e heipealhâlding te brûken wylst de man mei de rêch nei it gesicht fan 'e frou ta stiet. De heipealhâlding kin brûkt wurde foar sawol faginale seks as anale seks. De sekspartners hoege gjin man en frou te wêzen, mar kinne ek twa homoseksuele manlju wêze. It is wol in sekshâlding foar lju mei ûnderfining dy't ek oer in beskate linigens beskikke, mei't it foar beide sekspartners ynspannend is om op dizze manear seksuele mienskip te hawwen. Dat jildt fral foar de ûntfangende partner, dy't slim beheind is yn lichemsbeweging en sykheljen trochdat sy of hy suver dûbelteard leit.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |