Heinrich Hoffmann (fotograaf)

Ut Wikipedy
Heinrich Hoffmann

Heinrich Hoffmann (Fürth, 12 oktober 1885 - München, 11 desimber 1957) wie in Dútske fotograaf.

Hoffmann wurke yn syn heite fotostudio yn München fan 1908 ôf. Hy waard lid fan de NSDAP yn 1920 en waard persoanlik troch Adolf Hitler as syn offisjele fotograaf beneamd. Hy waard dêrnei in goede freon fan Hitler. Fan syn fotoos binnen ûnder mear postsegels, ansichtkaarten, posters en fotoboeken makken.

Yn it tiidrek fan it Tredde Ryk skreau Hoffmann in protte boeken oer Hitler. It lêste boek dat er skreau wie Das Antlitz des Führers, krekt foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich.

Yn 1930 stelde Hoffmann syn assistinte Eva Braun fan syn fotostudio yn München oan Hitler foar. Braun waard syn partner; op 29 april 1945 troude Hitler mei har. Ien dei letter diene sy harsels te koart.

Nei de oarloch waard Hoffmann fêstset. Al yn 1950 kaam er wer frij. Yn 1957 stoar Hoffmann yn de âldens fan 72 jier yn it doarpke Epfach ûnder München. Syn wido, Erna, bleau dêr wenjen mei de eardere stomme-filmaktrise Wera Engels.

Fotoos fan Hoffmann[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeken fan Hoffmann[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]